De Falklânwilster (Anarhynchus falklandicus) is in fûgeltsje út it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) yn 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.
Ferskining Falklânwilsters binne knobske fûgels fan 17 oant 19 sm lang. Yn it briedkleed hat er in readbrune krún en in dûbele swarte boarstbân, alhoewol't dy op 'e Falklâneilannen faak ûnderbrutsen is. Bûten it briedseizoen is er minder opfallend en ljochter, mar hat er noch jimmeroan twa dúdlike boarstbannen.
De krún fan folwoeksen wyfkes is doffer as dy fan it mantsje. Wat swart is by it mantsje is brúneftich by it wyfke en de boppeste boarstbân hat oeral wite plakjes.
200x200px 200x200px 200x200px Jonge fûgel Briedkleed Winterkleed
Fersprieding Falklânwilsters briede yn it suden fan Súd-Amearika yn Argentynje, Sily en de Falklâneilannen.
It biotoop bestiet út grintkusten, sânstrannen, wiete savannes en greiden mei koart gers, meast by wetter. Bûten de briedtiid wurdt er ek op sânbanken sjoen. It is meast in kustfûgel, mar hy briedt oant hichten fan 1200 m yn it suden fan Argentynje.
Hâlden en dragen De measte fûgels út Sily en Argentynje en alle fûgels fan Fjoerlân migrearje nei it noarden nei it suden fan Oerûguay en it súdeasten fan Brazylje. De populaasje fan 'e Falklâneilannen is dêrfoaroer stânfûgel. Bûten it briedseizoen is de fûgel sosjaler en wurdt dan yn losse groepen fan likernôch 200 fûgels sjoen.
Falklânwilsters foerazjearje oan 'e râne fan 'e brâning, tusken oanspielde kelpmatten, tusken koart gers en oan rânen fan dobben. Se ite meast lytse wringeleazen, wjirmkes, ynsekten en spinnen.
De briedtiid leit yn 'e regel tusken septimber oant jannewaris, mar kin langer duorje. It nêst is in kûltsje yn 'e grûn, bytiden mei wat begroeiïng beklaaid. In lechsel bestiet út twa oant fjouwer aaikes en beide âlden briede.
Taksonomy Tradisjoneel waard de Falklânwilster yn it grutte skaai Charadrius set. Ut genetyske stúdzjes die bliken dat de soarten fan dat skaai net nau oan inoar besibbe binne. Yn 2023 ha Clements et al. de resultaten dêrfan yn harren systematyk ferwurke en in grutte groep soarten út Charadrius ferwidere en by it skaai Anarhynchus''' foege. Yn dy groep stiet de Punawilster it tichtste by de Falklânwilster.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern'', 2024) op 'e Reade list.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay