De fluitwilster (Charadrius melodus) is in Noardamerikaanske fûgel yn it skaai bûnte wilsters (Charadrius) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Ferskining thumb|left|Winterkleed. It likernôch 18 sm lange fûgeltsje is trochstrings krekt wat grutter as in dûkelmantsje. De fûgels ha skiere boppedielen en oranje poaten en yn 'e flecht opfallend wite stút. Yn it briedkleed hat de fûgel in smelle donkere boarstbân, winterdeis is de boarstbân ferdwûn en is de snaffel hielendal donker. Hy ferskilt fan it dûkelmantsje troch de tsjokkere snaffel, blekere rêch en de poaten binne helderder as by de Amerikaanske bûnte wilster.

Fersprieding Fluitwilsters wurde ferdield yn twa ûndersoarten:

C. m. circumcinctus: it súdlike part fan Sintraal-Kanada en de noardlike-sintrale Feriene Steaten. C. m. melodus: eastlik Kanada en de noardeastlike Feriene Steaten.

De circumcinctus hat yn it briedkleed faak in sletten boarstbân, wylst dy fan 'e melodus meast ûnderbrutsen is. Dêrnjonken is de melodus boppe faak wat bleker. thumb|left|In likernôch twa wiken âld pykje. Yn it briedseizoen is de fûgel oan 'e Atlantyske kust fan Nijfûnlân oant Noard-Karolina te finen en fierder briedt er oan 'e Grutte Marren en yn it Midwesten fan Kanada en Feriene Steaten. De soarte nêstet en libbet op sân- en stienstrannen mei in bytsje fegetaasje. Hy oerwinteret yn 'e Golf fan Meksiko (circumcinctus) en de súdlike Atlantyske kust (melodus) fan 'e Feriene Steaten.

Hâlden en dragen De fluitwilster foerazjearret oan 'e kustline fan strannen en oan 'e wetterkant. Syn dieet bestiet út ynsekten, ferskate wjirms en skulpdieren. It nêst is ienfâldich, faak tusken gerspôlen. De aaikes wurde om bar troch it mantsje en it wyfke útbret.

De ynkubaasjetiid duorret likernôch 27 dagen en de piken kinne yn 'e regel 30 dagen nei it útkommen fleane. Tusken dy tiid steane piken bleat oan in soad gefaren. De âlden beweitsje harren piken sekuer en besykje alle mooglike bedrigingen lykas krieën, katten of waskbearen by de jongen wei te lokken troch te dwaan as se ferwûne binne.

Status BirdLife International rûsde de populaasje fan 'e soarte yn 2020 op 7.600 oant 8.400 folwoeksen fûgels en oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. De oerwinteringsgebieten wurde lykwols beynfloede troch útdrûging fan 'e strannen, fersteuring en de oanlis fan ynfrastruktuer. Dêrfandinne wurdt de soarte op 'e Reade List fan 'e IUCN as gefoelich (Near Threatened, 2020) klassifisearre.

De populaasje fan 'e Grutte Marren is in tige lytse populaasje. Eartiids brieden dêr hast 800 pearkes fluitwilsters, mar tsjin 'e ein fan 'e jierren 1980 waarden noch mar 13 pearkes teld. Yn 2025 waard bekend dat it tal briedpearen troch beskermingsmaatregelen groeid wienen oant 88 briedpearkes.AZ Animals: Why Great Lakes Piping Plovers Keep Hitting New Highs, 31 desimber 2025.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bûnte wilster Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen