De kylsturtwylster (Charadrius vociferus) is in waadfûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining De kylsturtwylster is in relatyf grutte wilster fan 23,5 oant 26 sm lang. De nekke is lang en hy hat in swarte snaffel en in lange sturt. Yn 'e flecht is syn readbrune stút goed te stjen. De fûgel hat brede wite wjukbannen en in dûbele swarte boarstbân. Jonge fûgels ha mar ien boarstbân.
200x200px 200x200px 200x200px Pyk Folwoeksen fûgel Fleanende fûgel
Fersprieding Kylsturtwylsters komme foar fan Alaska en Sintraal-Kanada oant Perû. De fûgel wurdt yn trije ûndersoarten ferdield.
C. v. vociferus: Kanada, Feriene Steaten en Meksiko. C. v. ternominatus: de Bahama's en de Grutte Antillen (lytser boud as de C. v. vociferus, grizer en fealer fearrekleed). C. v. peruvianus: fan westlik Ekwador oant noardwestlik Sily (lytser en mear readbrún op 'e stút as de C. v. vociferus)
Nederlân De soarte is in seldsume swalker yn West-Europa en is mar ienris yn Nederlân waarnommen. Yn 2005 wie in kylsturtwilster ferskate dagen te sjen yn 'e Rottige Meente op 'e grins fan Fryslân en Oerisel.
Status In rûzing fan 2023 giet út fan 2,3 miljoen folwoeksen fûgels. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne en dat de populaasje yn trije generaasjes mear as 20% ôfnommen is. De fûgel wurdt troch de IUCN as gefoelich (Near Threatened) op 'e Reade list klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bûnte wilster Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska