De Senegaleeske ljip (Vanellus senegallus) is in fûgelsoarte yn it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De fûgel falt op troch syn giele hûdflap by de snaffel, in eigenskip dy t er mei de wytkrúnljip, Malabarljip en maskerljip dielt.

Skiednis thumb|left|Kop fan 'e Senegaleeske ljip. De Senegaleeske ljip wurdt trochstrings 34 sm lang en weaget tusken 197 en 277 gram. De ljip hat lange giele poaten en giele hûdflappen by de snaffel, wylst it boppeste part fan 'e hûdflap read is. Op 'e foarholle hat de fûgel in wyt plak, om it each is in giele eachring en de snaffel is giel mei in swarte punt. De ljip hat in brúngrize kleur. Yn 'e flecht brune dekfearren en swarte slachpinnen te sjen binne te sjen mei in wite streek oer de wjuk. De ûnderkant fan 'e wjuk is meast wyt mei in swarte punt. Wildlife Vagabond, oproppen 1 jannewaris 2026. thumb|250px|Fûgel mei iepen wjukken. Fersprieding De Senegaleeske ljip is benammen in stânfûgel, dy't yn in grut part fan Afrika ûnder de Sahara briedt, útsein de reinwâldgebieten. Lokaal migrearret de fûgel lykwols ôfhinklik fan it seizoen.

De soarte is te ferdielen yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Vanellus senegallus senegallus – Senegal en Gambia oant súdlik Sûdan, noardeastlike Demokratyske Republyk Kongo en noardlik Uganda Vanellus senegallus major - Eritreä en Etioopje Vanellus senegallus lateralis – súdlike Demokratyske Republyk Kongo en Angoala oant Mozambyk en noardeastlik Súd-Afrika

De ûndersoarten ferskille yn geografyske fersprieding, mar ha gjin opfallende ferskillen yn it fearrekleed.

Hâlden en dragen thumb|left|Briedende Sengaleeske ljip. De briedtiid falt tegearre mei it reinseizoen en kin regionaal fariearje. De fûgel leit trije oant fjouwer aaien yn in kûltsje yn 'e grûn op wiete greidlân. Hy foerazjearret faak op drûgere grûn, dêr't er nei ynsekten en oare wringeleazen siket.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar tocht wurdt dat de oantallen ôfnimme. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje wurdt tusken 60.000 en 210.000 folwoeksen fûgels rûsd.

De soarte libbet yn sompen, wiet gerslân en oan rivieren en wurdt lokaal bedrige troch ferlies fan habitat as gefolch fan útwreiding fan stêden en bebouwing, lânbou-útwreiding en drainaazje fan wiete gebieten.

Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe