De langteanljip (Vanellus crassirostris) is in fûgelsoarte yn it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Ferskining De likernôch 31 sm lange langteanljip hat benammen in swart, wyt en brún fearrekleed. De nekke en it boarst binne swart mei in blauwe glâns, wylst it gesicht en de kiel wyt binne. De boppekant is donkergriisbrún. Om it each sit in reade eachring. De wjukken binne boppe ljochtbrún mei swarte hânpinnnen en in wite bân en ûnder foar it grutste part wyt mei swarte úteinen oan 'e bûtenste fearren. De snaffel is read mei in swarte punt en de poaten bine read. Tusken hijkes en sijkes binne gjin ferskillen yn it fearrekleed.

Fersprieding De langteanljip is ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Vanellus crassirostris crassirostris – de nominaatfoarm komt foar fan súdlik Sûdan oant it easten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, noardlik Malawy en westlik Angoala. Vanellus crassirostris leucopterus – komt foar fan Tanzania oant de Demokratyske Republyk Kongo, Angoala, noardlik Botswana en noardeastlik Súd-Afrika.

Hâlden en dragen De langteanljip is sterk bûn oan stilsteand wetter en oars as oare ljippen siket er lykas jakanafûgels op driuwende planten om iten, wêrby't de lange teannen goed fan pas komme. Hy yt ynsekten, larven, libellen, krobben, mychammels en lytse slakken. De soarte wurdt faak tegearre sjoen mei de spoarwjukgoes (Plectropterus gambensis) en yt de bistsjes dy't ferskine as de goes tusken deade begroeiïng beweecht. De fûgel wurdt meast fûn op leechlân, mar is yn Malawy oant 1.100 meter sjoen en yn Sambia tusken 900 en 1.300 meter.

De soarte briedt it hiele jier troch yn monogame pearen, yn territoaria dy't agressyf ferdigene wurde tsjin sawol soartegenoaten as rôffûgels lykas de Afrikaanske see-earn (Icthyophaga vocifer) of hauken en sparwers. It nêst is in ûndjip kûltsje, beklaaid mei plantmateriaal, net fier fan wetter, of in komfoarmich nêst op driuwende planten yn wetter fan maksimaal in meter djip. In lechsel bestiet út ien oant fjouwer aaien, dy't yn 27-30 dagen útbret wurde.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in ûnbekende ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje wurdt op 50.000-165.000 fûgels rûsd (Wetlands International 2023), itjinge delkomt op 33.300-110.000 folwoeksen fûgels.

Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe