De swartkopljip (Vanellus tectus) is in fûgelsoarte yn it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae)

Ferskining De swartkopljip is in opfallende middelgrutte waadfûgel fan likernôch 25 sintimeter lang. Lykas de namme al seit hat er foar it grutste part in swarte kop, mar de foarholle, it ûnderste diel fan it gesicht en in bân oer de nekke binne wyt. Lykas de gewoane ljip hat er in opfallende túf. De basis fan 'e snaffel en poaten binne read, mar syn snaffel einiget yn in swarte punt. Dêr't de snaffel it gesicht rekket sit in lyts fleizich read plakje. De sturt is wyt mei in swarte einbân. De boppekant fan 'e wjukken hat brune dekfearren, wylst de hânpinnen swart binne. Dêrtusken is by it fleanen in dúdlike wite bân te sjen. De ûnderkant fan 'e wjukken binne wyt mei swarte punten.

Fersprieding De swartkopljip komt súdlik fan 'e Sahara foar yn in gebiet dat fan Senegal oant Etioopje rint. De soarte wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Vanellus tectus tectus - komt foar fan súdlik Mauretaanje en Senegal oant Eritreä, Etioopje, Uganda en noardwestlik Kenia. Vanellus tectus latifrons - komt foar fan súdlik Somaalje oant eastlik Kenia; wurdt ek yn noardlik Tanzania sjoen.

De soarte is benammen in stânfûgel, mar yn it reinseizoen yn Mauretaanje, Maly en Nigearia kin de fûgel migrearje. Bûten it ferspriedingsgebiet wurdt de soarte yn Jordaanje en Israel waarnommen. Genetyske stúdzjes suggerearje dat de kroanljip (Vanellus coronatus) syn neiste sibbe is, dêr't er ek wol mei krúst.

It leefgebiet bestiet út iepen, drûch en flak gebiet mei koart gers en hjir en dêr toarnstrûkjes. De soarte wurdt ek by minsklike delsettings sjoen, lykas sportfjilden of fleanfjilden.

Hâlden en dragen De swartkopljip is oars as oare ljippen minder bûn oan wetter. It dieet bestiet út ynsekten en harren larven, benammen termiten, krobben, imerkes, wjirms en mychammels. De fûgel briedt yn 'e drûge tiid as der gersbrannen foarkomme, mar de tiid fan it jier ferskilt geografysk sterk.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar de populaasjetrend is net bekend. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de soarte as net bedrige (Least Concern).

Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda