De Malabarljip (Vanellus malabaricus) is in fûgelsoarte yn it skaai ljippen (Vanellus) út de famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De soartenamme malabaricus ferwiist nei Malabar, in histoaryske krite oan 'e súdwestlike kust fan Yndia (de Malabarkust). De soarte komt foar op it Yndiaaske subkontinint.
Ferskining thumb|left|Fûgel yn De Malabarljip is in 24 oant 28 sm lange fûgel mei in karakteristike giele hûdflap oan 'e basis fan 'e snaffel en lange giele poaten. De kop hat in swarte kroan mei dêrûnder in tinne wite bân. De fûgel hat brune boppedielen en in brún boarst; de rest fan 'e ûnderkant is wyt. De wjukken binne frij kontrastryk. De boppewjukken binne meast ljochtgriis oant sânbrún mei skouderfearren dy't waarmbrún binne. Yn 'e flecht binne in wite bân en de swarte hânpinnen te sjen. De ûnderwjukken binne foar it grutste part wyt mei by de slachpinnen donkere rânen.
Fersprieding De fûgel is it meast yn leechlân fan súdlike Pakistan en Yndia oant Sry Lanka te finen. Bûten it briedseizoen wurdt er ek yn Nepal, West-Bingalen en Bangladesj waarnommen en út en troch yn Maleizje en Birma. De fûgel hat in foarkar foar drûge, iepen lânskippen en kultivearre gebieten.
De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge sizze wol dat der gjin ûnderferdieling is yn ûndersoarten.
200x200px 200x200px 200x200px Broedsje Utkommende aaien Pyk Hâlden en dragen It iten bestiet út ynsekten en larven. De briedtiid falt tusken maart en july, op Sry Lanka yn augustus. It nêst is in ienfâldich kûltsje yn 'e grûn.
Status De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern). Populaasjetrends binne lykwols ûnbekend.
Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka