De rivierljip of Yndyske spoarljip (Vanellus duvaucelii) is in fûgelsoarte yn it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De spesifike namme ferwiist nei Alfred Duvaucel (1793–1824), in Frânske natuerûndersiker en ûntdekkingsreizger. Hy wurke in soad yn Yndia en Súdeast-Aazje en sammele dêr dieren foar Europeeske musea, fral foar it Muséum national d’Histoire naturelle yn Parys.

Ferskining thumb|left|Fleanende rivierljip. De rivierkievit is in middelgrutte (29 oant 32 sm) ljip mei swarte, brune, grize en wite kleuren. De fûgel hat brune boppedielen en in swarte kroan oant ûnder de eagen. De nek is griis en de kiel swart. De búk is wyt mei in swart plak. De snaffel en poaten binne ek swart. De wjukken binne meast donkerbrún oant swartbrún mei in dúdlike, brede wite bân oer de wjuk dy't opfalt by it opfleanen. De bûtenste slachpinnen binne swart en kontrastearje mei de wite bân. Under binne de wjukken meast wyt mei swarte rânen en punten oan 'e slachpinnen. De sturt is wyt mei in swarte einbân.

Fersprieding De rivierljip wurdt oan rivieren fan Yndia en Nepal oant súdwest Sina en Yndosina sjoen. De fûgel hat in soad fan 'e nau besibbe spoarljip út Afrika en somtiden wurde se as ûndersoarten fan inoar omskreaun.

It habitat bestiet út gebieten by brede, stadich streamende rivieren mei iggen of eilannen fan sân of grint. De fûgel wurdt ek by fivers sjoen.

Hâlden en dragen thumb|left|Rivierljip yn West-Bengalen. Rivierljippen ite benammen ynsekten, wjirms, kreeften en weakdieren. Der wurdt ek sein dat erút en troch kikkerts en kikkertfiskjes yt as se maklik te pakken binne. De fûgel briedt fan maart oant juny op it Yndyske subkontinent. Yn Bûtan wurde jongen al begjin april waarnommen.

Status Troch habitatferlies as gefolch fan 'e bou fan dammen en yn guon lannen it aaisykjen giet de soarte efterút. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de fûgel as gefoelich (Near Threatened, 2025). De wrâldpopulaasje wurdt tusken 10.000 en 25.000 folwoeksen fûgels rûsd (2023).

Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam