De Etiopyske ljip of stippelboarstljip (Vanellus melanocephalus) is in fûgelsoarte yn it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). It is in endemyske soarte fan it heechlân yn Etioopje.
Ferskining thumb|left|De Etiopyske ljip. De Etiopyske ljip is in grutte en meast griisbrune ljip fan likernôch 34 sm lang mei in swarte kroan mei ûnder de swarte kroan in wite bân efter it each en swart op 'e kin en kiel. Opfallend is it boarst, dat swartgriis stippele is. Folwoeksen fûgels hawwe in lyts giel plakje hûd foar it each. Yn 'e flecht is in wite bân sichtber oer de boppeste wjukdekveren lykas ek by de spoarljip. De rêch en skouders binne griisbrún oant oliifgriis. De fûgel hat giele poaten.
Fersprieding De ljip komt foar yn it Etiopysk heechlân, fral yn 'e wiete greiden, sompen, oerstreamingsflaktes en oan iggen fan rivieren fan 'e sintrale en westlike, op hichten fan 1500 oant 3000 m.
De soarte wurdt as monotypysk behannele, wat sizze wol dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.
Status De populaasjetrend fan 'e soarte is ûnbekend en it ferspriedingsgebiet is relatyf lyts. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de fûgel lykwols net as bedrige en set de Etopyske ljip dêrom yn 'e kategory fan net bedrige. Der binne lykwols soargen foar de takomst. De Etiopyske ljip is bot ôfhinklik fan iepen heechlângreiden en gebieten oan wetter en tydlike sompen. In soad fan 'e gebieten wurde oantaast troch de útwreiding fan lânbou, degradaasje en ôfwettering fan wiete gebieten.Science Direct: Predicting climate change impact on the habitat of Ethiopia’s spot-breasted lapwing using ensemble model. It grutste part fan syn ferspriedingsgebiet leit bûten beskerme gebieten. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tusken de 1.000 en 10.000 fûgels.
Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje