De brúnboarstljip (Vanellus superciliosus) is in fûgelsoarte yn it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De spesifike namme superciliosus betsjut "mei in wynbrau".
Ferskining De fûgel wurdt likernôch 23 sm lang en hat in readbrune foarholle, swarte kroan, in giele eachring en in giele hûdflap foar it each. Under de snaffel en it each is de fûgel griis oant it boarst mei in kastanjebrune râne. Under is de fûgel wyt. De boppewjukken hat brúngrize skouderfearren mei in brede wite bân en swarte hânpinnen. De sturt is wyt mei in swarte einbân.
Fersprieding De brúnboarstljip briedt fan Nigearia yn it westen oant nei it easten yn 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk. It oerwinteringsgebiet is grutter en leit noardlik en súdlik dêrfan en nei it easten oant Uganda en Tanzania en it suden oant Demokratyske Republyk Kongo. De soarte is monotypysk.
Hâlden en dragen De brúnboarstljip wurdt yn iepen savannes oantroffen mei koart gers, somtiden strûken of iepen bosk en koartlyn platbaarnde gebieten. Hy yt ynsekten lykas mychammels en foerazjearert ek nachts. De fûgel briedt tusken jannewaris en maart yn Nigearia en Kameroen en nei alle gedachten yn desimber oant juny yn 'e Demokratyske Republyk Kongo. De fûgel is monogaam.
Status en bedrigingen De populaasjetrend fan 'e soarte is ûnbekend, mar it ferspriedingsgebiet is relatyf grut. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de soarte net as bedrige en set de fûgel dêrom yn 'e kategory net bedrige (Last Concern). De wrâldpopulaasje wurdt tusken 10.000 oant 20.000 folwoeksen fûgels rûsd.
Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda