De desmareststikelmûsgoffer of Desmarests stikelmûsgoffer (wittenskiplike namme: Heteromys desmarestianus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys). Dit bistke is lânseigen yn Midden-Amearika, dêr't it foarkomt yn ûnderskate wâldbiotopen. De desmareststikelmûsgoffer is in nachtdier dat op 'e grûn libbet en der in fierhinne (mar net folslein) herbivoar dieet op neihâldt. De IUCN klassifisearret de desmareststikelmûsgoffer as net bedrige.

Taksonomy De desmareststikelmûsgoffer waard foar it earst yn 1868 wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske biolooch John Edward Gray. Dyselde joech it bistke de wittenskiplike namme Heteromys desmarestianus, wêrmei't er syn Frânske amtsgenoat Anselme Gaëtan Desmarest (1784–1834) earje woe. Yn dat ferbân is it relevant om te fertellen dat Desmarest dejinge wie dy't (yn 1817) it skaai fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys) yntrodusearre hie.

Yn 'e mande mei de nau besibbe dizestikelmûsgoffer (Heteromys nubicolens), goldmanstikelmûsgoffer (Heteromys goldmani) en berchstikelmûsgoffer (Heteromys oresterus) foarmet de desmareststikelmûsgoffer binnen it skaai fan 'e stikelmûsgoffers de desmarestianus-soartekloft.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e desmareststikelmûsgoffer wreidet him út oer it grutste part fan Midden-Amearika. It rint fan súdlik Meksiko en it suden fan it Jûkatanskiereilân oant yn it uterste noardwesten fan Kolombia, en beslacht it meastepart fan it fêstelân fan Belize, Gûatemala, El Salvador, Hondoeras, Nikaragûa, Kosta Rika en Panama. Dit bist ûntbrekt lykwols oan 'e súdkust fan Gûatemala en El Salvador, eastlik fan 'e Nikaragûamar yn westlik Nikaragûa, oan 'e Miskitokust yn eastlik Nikaragûa en it uterste westen fan Hondoeras, op it Nicoyaskiereilân yn Kosta Rika en op it Azueroskiereilân yn Panama.

Uterlike skaaimerken De desmareststikelmûsgoffer is in middelgrutte stikelmûsgoffer. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 13–13,3 sm, mei in sturtlingte fan 14,2–14,8 sm en in gewicht fan 61–83 g. De earen hawwe in lingte fan sa'n 1,6 sm, wylst de efterpoat likernôch 3,4 sm mjit. De desmareststikelmûsgoffer fertoant wat seksuele dimorfy yn 'e sin dat de mantsjes yn 'e regel wat grutter binne as de wyfkes.

De pels is op 'e boppeste lichemdielen (kop, nekke en rêch) dûnkerbrún oant griisbrún mei dêrtrochhine isolearre ljochtbrune hierren. De ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, hals, boarst, bealch en poatsjes) binne wyt. Oer de siden rint ornaris in sânkleurige line dy't de beide gruttere kleurflakken faninoar skiedt. It hier is rûch, mei op 'e rêch en de siden stikels tusken de hierren troch. De soallen fan 'e efterpoaten binne keal.

Biotoop Binnen syn ferspriedingsgebiet komt de desmareststikelmûsgoffer yn útinoarrinnende wâldbiotopen foar, fan 'e reinwâlden yn 'e flakke dielen fan súdlik Meksiko oant de dizewâlden yn 'e berchtmen fan Panama. Hy liket de foarkar te jaan oan wâlden mei palmbeammen. Wat hichte oanbelanget, kin de desmareststikelmûsgoffer oantroffen wurde fan seenivo oant 2.400 m dêrboppe. Op it Jûkatanskiereilân, dêr't de desmareststikelmûsgoffer yn itselde gebiet foarkomt as de besibbe gaumerstikelmûsgoffer (Heteromys gaumeri), libbet de desmareststikelmûsgoffer yn 'e drûgere wâldgebieten en kriten mei toarnstrûken.

Hâlden en dragen Desmareststikelmûsgoffers libje benammen op 'e wâldflier, hoewol't se ek wol klimme kinne. Yn 'e grûn grave se hoalen mei yngongen dy't leadrjocht nei ûnderen ta liede. Dêrtroch ken men harren hoalen altyd ûnderskiede fan 'e hoalen fan 'e yn itselde gebiet foarkommende wytpoatmûzen (Peromyscus sp.), by wa't de yngong yn in hoeke fan 45° nei ûnderen liedt. Bytiden kinne de nêsten fan desmareststikelmûsgoffers ek yn beamholten oantroffen wurde, mar altyd yn 'e stam, deunby de grûn.

De desmareststikelmûsgoffer is in nachtdier, dat by dei rêst yn syn hoale. Hy hat in territoarium mei in oerflak fan 2–80 are dat yn dielen fan it ferspriedingsgebiet sterk oerlapet mei de oanbuorjende territoaria fan soartgenoaten. Hoewol't desmareststikelmûsgoffers yn prinsipe solitêr libje, bestiet der in losse sosjale hierargyske struktuer mei de buorlju. De populaasjetichtens ferskilt sterk fan gebiet ta gebiet en ek nei tiid fan it jier, mar yn trochsneed kin útgien wurde fan 2–50 yndividuën de hektare.

De peartiid fan 'e desmareststikelmûsgoffer fariëarret regionaal. Yn tropyske wâlden, dy't altyd grien bliuwe, bestiet foar dit bist gjin spesifike peartiid, mar fynt de fuortplanting plak troch it hiele jier hinne. Yn heger leine wâldgebieten, dêr't de beammen yn it winterhealjier har blêdte ferlieze, is de peartiid nei alle gedachten beheind ta de waarmere 7–8 moannen. Nei in draachtiid fan 27–31 dagen smyt it wyfke in nêst fan likernôch 3 jongen, dy't har fluch ûntjouwe en mei rûchwei 8 moannen geslachtsryp binne. De bistkes hawwe in libbensferwachting fan 2–21/2 jier.

Fretten Desmareststikelmûsgoffers binne foar it meastepart herbivoar en frette benammen sieden, dy't se op nachtlike foerazjeartochten gearfandelje en yn harren eksterne wangpûden (dy't as in soartemint bûsen oan 'e bûtenkant fan 'e wangen sitte) mei werom nimme nei har hoale. De sieden binne benammen ôfkomstich fan ûnderskate soarten palmbeammen, lykas rinnende palmen (Socratea), pinapalmen (Euterpe), Welfepalmen (Welfia), taspalmen (Geonoma) en trijehoekige palmen (Iriartea), mar ek fan kûmala's (Virola) en de oaljefante-earbeam (Enterolobium cyclocarpum). Njonken sieden frette desmareststikelmûsgoffers ek wol fruchten, griene plantedielen en ynsekten.

Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e desmareststikelmûsgoffer binne ferskate soarten ûlen, lykas de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), en fierders lânrôfdieren lykas de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de prêrjewolf (Canis latrans), de jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi), de Middenamerikaanske katfret (Bassariscus sumichrasti), de langsturtwezeling (Neogale frenata) en ferskate soarten slangen.

Status De desmareststikelmûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten Der binne 11 (stân fan saken yn 2016) erkende ûndersoarten fan 'e desmareststikelmûsgoffer (Heteromys desmarestianus): H. d. chiriquensis Enders, 1938 (súdeastlik Kosta Rika en westlik Panama) H. d. crassirostris Goldman, 1912 (noardwestlik Kolombia en it uterste easten fan Panama) H. d. desmarestianus Gray, 1868 (de nominaat; súdlik Meksiko, Gûatemala en Belize oant yn El Salvador) H. d. fuscatus Allen, 1908 (dielen fan Hondoeras en Nikaragûa) H. d. panamensis Goldman, 1912 (noardlik-sintraal Panama) H. d. planifrons Goldman, 1937 (westlik Kosta Rika) H. d. repens Bangs, 1902 (súdwestlik Panama) H. d. subaffinis Goldman, 1937 (noardeastlik Kosta Rika) H. d. temporalis Goldman, 1911 (súdlik Meksiko) H. d. underwoodi Goodwin, 1943 (sintraal Kosta Rika) H. d. zonalis Goldman, 1912 (noardwestlik, sintraal en eastlik Panama) Yn it ferline waard bytiden ek de tsjintwurdich wer as in selsstannige soarte erkende goldmanstikelmûsgoffer (Heteromys goldmani) as in ûndersoarte fan 'e desmareststikelmûsgoffer beskôge. Fierders is fan belang om te fernijen dat ferskate biologen de desmareststikelmûsgoffer as in soartekompleks beskôgje, dêr't ferskate noch net beskreaune kryptyske soarten ûnder skaard binne.

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Stikelmûsgoffer Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia