Evil under the Sun is in Britske histoaryske detektivefilm út 1982 ûnder rezjy fan Guy Hamilton, mei yn 'e haadrollen Peter Ustinov en Maggie Smith. It is in ferfilming fan 'e roman mei deselde namme fan Agatha Christie út 1941. De titel betsjut: "Kwea ûnder de Sinne". It ferhaal folget de Belgyske privee-detektive Hercule Poirot, dy't diskear op in fakânsje-eilân yn 'e Adriatyske See bedarret. Dêr moat er de moard oplosse op in ynklauwerige Amerikaanske aktrise, dy't harsels sa hate makke hat, dat alle oare oanwêzigen op it eilân in motyf hawwe om har dea hawwe te wollen. Evil under the Sun krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol.

Plot Op 'e heide fan 'e North York Moors wurdt troch in kuierster in frou dea oantroffen. It slachtoffer is wjirge. Hja wurdt identifisearre as in Alice Ruber.

Inkele moannen letter wurdt de ferneamde Belgyske privee-detektive Hercule Poirot troch de Ingelske fersekeringsmaatskippij London Trojan Insurance Company frege om in yn in brosj sette diamant te ûndersykjen, dy't de sakeman en miljonêr sir Horace Blatt foar in heech bedrach fersekere hawwe wol. Poirot en London Trojan binne it deroer iens dat de diamant in ferfalsking is, mar noch hy, noch de fersekeringsmaatskippij kinne der by wêrom't in man mei safolle jild as Blatt him skuldich meitsje soe oan fersekeringsfraude. Poirot wurdt dêrom frege om foar London Trojan ôf te reizgjen nei de Frânske Riviêra, dêr't Blatt ferbliuwt, sadat er de miljonêr oer de saak oan 'e tosk fiele kin.

Dat, Poirot set nei súdlik Frankryk ta, dêr't er Blatt opspoart en himsels útnûget oan board fan it priveejacht fan 'e miljonêr. As er it doel fan syn reis út 'e doeken docht, wurdt Blatt poerrazen. Hy leit út dat er sa'n foech healjier lyn yn New York yn 'e kunde kommen is mei de (jongere) ferneamde Amerikaanske toanielaktrise Arlena Stuart, mei wa't er in romantyske relaasje krige. Se ferloofden harren en setten op in passazjiersskip ôf nei Jeropa. it wie de bedoeling dat se by oankomst yn Ingelân trouwe soene, mar ûnderweis mette Arlena oan board fan it skip de noch rikere Amerikaanske sakeman Kenneth Marshall. Dêrop ferbriek se har ferloving mei Blatt om ynstee mei Marshall trouwe te kinnen.

Blatt hie de brosj mei de diamant oan Arlena jûn doe't er noch tocht dat se mei him trouwe soe, mar nei't se de ferloving ferbriek, woed er it sieraad weromhawwe. Se aksele wat tsjin, mar lang om let joech se it yndie werom. Dêrmei wie de saak foar Blatt ôfdien. Mar no't oan it ljocht kommen is dat de diamant yn 'e brosj dy't er weromkrigen hat ferfalske is, wylst er mei wissichheid wit dat der in echte diamant yn siet doe't er it sieraad oan Arlena joech, komt er ta de konklúzje dat Arlena de brosj neimeitsje litten hat om him te bestellen. Mei't him bekend is dat Arlena mei har nije man op it stuit fakânsje hâldt op in eilân yn 'e Adriatyske See, is er fan doel om fuortendaliks op syn jacht ôf te setten en om it Apenynsk Skiereilân (de "Lears" fan Itaalje) hinne te farren om by har ferhaal te heljen. Hy wol Poirot mei hawwe as ûnôfhinklik tsjûge en as immen dy't echte diamanten fan ferfalskings ûnderskiede kin. Mar Poirot, dy't oanhelle is mei seesykte, betanket foar dat reiske. Hy stelt ynstee foar dat er op eigen gelegenheid mei de trein reizgje sil, en dat er op it eilân de oankomst fan Blatt ôfwachtsje sil.

It fakânsje-eilân dêr't Poirot wêze moat, heart ta it (fiktive) keninkryk Tyraanje. It is troch de kening fan dat lân by wize fan ôfkeapsom geskink dien oan syn eardere mêtresse, de Ingelske toanielspylster Daphne Castle. Op it fierders ûnbewenne lytse eilantsje stiet it eardere simmerpaleis fan 'e kening, dat troch Daphne omtovere is ta in eksklusyf hotel foar de superriken. Poirot, waans ferbliuw fergoede wurdt, sit net yn oer de kosten. Hy arrivearret mei de trein oan 'e kust fan Tyraanje en lit him oerfarre nei it eilân. De folgjende dagen, wylst er wachtet op 'e oankomst fan Blatt, besiket er sels fakânsje te hâlden. Mar omreden fan it doel fan syn reis hâldt er Arlena Marshall skerp yn it each en troch in beropsdefisjinsje kin er it net litte om ek de oare gasten te observearjen.

Arlena ken de hotelhâldster Daphne noch om't se ferskate kearen tegearre op 'e planken stien hawwe, mar de beide froulju kinne inoars bloed wol drinke. Daphne suggerearret yn net sa bedutsen termen dat Arlena har bloeiende karriêre benammen te tankjen hat oan har reewilligens om it bêd te dielen mei eltse man dy't har foarút helpe kin. Arlena, op har beurt, beskôget de âldere Daphne as in oergeunstich fossyl dat nea net folle talint foar aktearjen hân hat. Se is in freeslike styfmem foar Marshall syn teenagedochter Linda, dy't se emosjoneel mishannelet, ta argewaasje fan Daphne, dy't memmige gefoelens foar it fanke hat. Boppedat is Kenneth Marshall in âlde freon fan Daphne, mei wa't er it goed fine kin, eat dat wer yn it ferkearde kielsgat fan Arlena sjit.

Ek op it eilân oanwêzich binne de sportive jonge Patrick Redfern en dy syn lichaamlik swakke frou Christine, dy't omreden fan har ljochte hûdskleur út 'e sinne bliuwe moat. It docht bliken dat Arlena mei Redfern in oerhuorrige relaasje ûnderhâldt, en dat hy op útnûging en kosten fan Arlena op it eilân ferbliuwt. De ferhâlding fynt sûnder lykfol hokker tebekhâldendheid lyk ûnder de noas dan har nije man Marshall plak, dy't op sneue wize besiket te bearen as hat er neat yn 'e gaten.

Arlena is ek ferantwurdlik foar de finansjele swierrichheden fan Odell en Myra Gardener, in Amerikaanske toanielprodusintepear. Dy hiene krekt in skot yn 'e roas behelle mei in nij stik op Broadway dêr't se gâns jild yn ynvestearre hiene, doe't Arlena, de haadrolspylster, inkele wiken nei de iepening fan it stik nei Ingelân ta útnaaide mei sir Horace Blatt. De Gardeners hawwe in nij stik op steapel stean, mar se binne foar genôch publisiteit en oanrin fan publyk ôfhinklik fan 'e populêre Arlena, dy't de har beane haadrol lykwols ôfstegeret. De ferweakke skriuwer Rex Brewster, mei wa't Arlena ôfpraat hie dat er in autorisearre, tige iepenhertige biografy fan har skriuwe mocht, is ûntsteld as se him kâldwei oanseit dat se har meiwurking oan en tastimming foar it boek ynlûkt, wylst hy de royaltys dy't him troch de útjouwerij foarútbetelle wiene, al útjûn hat.

Ier op 'e trêde moarn nei de oankomst fan Poirot op it eilân tsjocht Arlena der allinnich op út op in wetterfyts, wêrmei't se by it hotel wei de kust folget oant in beskutte ynham mei de namme Ljedderbaai. Dêr giet se op it strân lizzen te sinnebaaien. Redfern sil yn 'e motorboat fan it hotel ôfsette en kriget, skynber ûnwinske, selskip fan Myra Gardener. Wannear't se de Ljedderbaai berikke, sjogge se dêr Arlena lizzen. Redfern beart dat er ferheard is om har dêr te treffen. Myra leaut der neat fan en fermoedet dat se dêr ôfsprutsen hiene. Mar om Arlena geunstich te stimmen, om't se noch altyd hopet dat dy de haadrol yn it nije toanielstik oannimme sil, fiteret se Redfern oan om him by syn minneresse te jaan. Ear't Myra mei de motorboat ôfsette kin, komt Redfern lykwols ta de ûntdekking dat Arlena net stil leit te sinnebaaien, sa't it like, mar dat se dea is.

Wylst Redfern by it stoflik omskot bliuwt, set Myra yn 'e motorboat ôf nei it hotel om help te sykjen. Poirot wurdt derby helle en Daphne, dy't benaud is foar minne publisiteit foar har hotel, stiet der o sa by him op oan om it ûndersyk op him te nimmen, sadat de saak sa gau mooglik en mei sa min mooglik sensaasje oerbetterje kin. De idele Poirot lit him troch har beprate. Hy stelt fêst dat Arlena wjirge is. Yn in lytse grot yn it klif, deunby it plak dêr't it stoflik omskot fûn is, treft Poirot de brosj mei de ferfalske diamant oan dy't er eigenhandich weromjûn hie oan sir Horace Blatt. Ek rûkt er dêr it parfum fan Arlena. Syn list fan fertochten bestiet út de oare hotelgasten en Daphne Castle sels. Blatt arrivearret dyselde deis op syn jacht by it hotel, wat betsjutte soe dat hy de dieder net wêze kin. Mar Poirot fermoedet dat de miljonêr net streekrjocht nei it hotel ta fearn is, want hoe kaam de ferfalske diamant oars yn it grotsje by it strân fan 'e Ljedderbaai?

Dat, as earste ûnderstiet Poirot Blatt dêroer. De miljonêr jout lang om let ta dat er by oankomst by it eilân Arlena op har wetterfyts de Ljedderbaai yngean seach. Dat hy sette har yn in roeiboat efternei en spriek har op it strân oan oer de weiwurden diamant. Se krigen dêr wurden oer om't Arlena by heech en by leech folhold dat sy de ealstien net efteroer drukt hie. Uteinlings sette Blatt wer ôf yn syn roeiboat, mar net foar't er Arlena de brosj mei de ferfalske diamant letterlik foar de fuotten goaid hie. Blatt jout ta dat hy in goed motyf hie om Arlena dea te dwaan, mar hy wiist derop dat syn hiele moeting mei Arlena út 'e fierte wei merkslein wie troch de nijsgjirrige bemanningsleden fan syn jacht. Poirot giet dat nei en komt ta de konklúzje dat Blatt yndie ûnskuldich is. Om't de rûzje fan Blatt mei Arlena om 11.30 oere plakfûn, wylst it stoflik omskot troch Redfern en Myra oantroffen waard koart nei de middeisoere (foar eltsenein dúdlik werjûn troch it ôfsjitten fan in salútskot mei it "middeiskanon" op it oanbuorjende fêstelân), moat Arlena tusken 11.30 oere en 12.00 oere fermoarde wêze.

Fan 'e oare fertochten hâldt Kenneth Marshall út dat er op it stuit fan 'e moard yn syn hotelkeamer wie, dêr't er yn antwurd op in tillegram dat er ûntfongen hie, in brief oan it skriuwen wie mei ynstruksjes foar syn saakwaarnimmer. Wannear't Poirot derop wiist dat dat net sa'n geweldich aliby is om't Marshall allinnich wie en yn 'e oanbelangjende tiidsperioade net ien sjoen hat, falt Daphne har âlde freon by, troch te sizzen dat se him by it passearjen fan syn keamersdoar sitten sjoen hat te typen. Poirot bewiist hiel ienfâldich dat sy Marshall fan 'e gong ôf efter syn buro net sitten sjen kinnen hat, mar dat se him op 'e typmasine oan 'e gong heard hat, wylst er net sein hie hoe't er de brief skreau, ferskaft harren allebeide likegoed in aliby.

Linda Marshall wie mei Christine Redfern oan it strân fan 'e Miuwegolf, in oare ynham yn 'e kust, dêr't Christine in akwarel oan it skilderjen wie, wylst Linda sinnebaaide. Beiden sizze dat Christine dêr pas om 11.55 oere wei gie om op 'e tiid werom by it hotel te wêzen foar in potsje mingd dûbel tennis dat se ôfsprutsen hie mei Daphne, Kenneth Marshall en Odell Gardener om 12.30 oere. Rex Brewster wie der dy moarns ek op in wetterfyts op út tein, mei't it him ynteressant liek om ris om it hiele eilân hinne te farren. Dat foel him lykwols raar ôf. Dat doe't er, koart nei it hearren fan it middeiskanon, yn 'e Miuwegolf Linda Marshall swimmen seach, frege er har om op it oare sitplak fan syn wetterfyts plak te nimmen, sadat se it ding tegearre weromtraapje koene nei it hotel. Sy stegere him lykwols ôf. Linda hie earder tsjin Poirot sein dat se nei it ôfsetten fan Christine nimmen mear sjoen hie, mar as Brewster har der yn it bywêzen fan Poirot op ferget, jout se op 't langelêst ta dat it yndie gien is sa't er seit, mar dat se him in aaklike man fynt en harren moeting dêrom foar Poirot oer ferswein hie.