Johannes Sijbrens Werkhoven (Wytmarsum, 31 oktober 1891 - Boalsert, 11 maart 1965 wie in Fryske manufakturier en bestjoerder. Hy wie fan novimber 1944 oant april 1945 boargemaster fan Ferwerderadiel.

Biografy Johannes Werkhoven waard yn Wytmarsum berne as soan fan winkelman en keapman Sijbren Werkhoven. Yn 1907 kaam de húshâlding oer út Bears en fêstige him oan de Groenmarkt yn Frjentsjer. Letter wied er yn de saak fan syn heit wurksum. Yn 1927 sette Johannes ôf nei Ljouwert om him dêr as manufakturier te fêstigjen. Ek waard er foarsitter fan it Nederlânske Keatsbûn.

Yn de Twadde Wrâldoarloch waard Werkhoven lid fan de Nederlandsche Volksdienst (N.V.D.). Syn broer Catrinus Werkhoven wie fan 1943 oant 1945 boargemaster fan Wûnseradiel en fia him waard er troch Reichskommissar Werner Friedrich Ross hifke foar in boargemasterspost. Hoewol't er gjin lid fan de N.S.B. wie, naam Werkhoven yn novimber 1944 de posysje fan de boargemaster G.W.H. Esselink fan Ferwerderadiel oer. Nei de oarloch siet er oant maaie 1946 yn foararrest, wêrnei't er yn juny troch it Bysûnder Gerjochtshof Ljouwert feroardiele waard ta in boete fan 5000 gûne en 10 jier ûntsetting fan it kiesrjocht.

Johannes Werkhoven stoar yn de âlderdom fan 73 jier yn Boalsert.

Kategory:Boargemaster fan Ferwerderadiel Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn Wytmarsum Kategory:Persoan stoarn yn Boalsert Kategory:Persoan berne yn 1891 Kategory:Persoan stoarn yn 1965