Anne Smidts (Minnertsgea, 13 maart 1893 - Frjentsjer, 31 maart 1969) wie in Frysk keatser.
Smidts helle 324 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1909 wûn er mei Frjentsjer de Freulepartij. Dêrnei waard it in pear jier stil om Smidts hinne, om't de oergong fan de jongeskategory nei de senioaren eartiids tige grut wie.
Yn 1912 makke Smidts syn debút by de senioaren, in jier letter wûn er mei Catrinus Werkhoven fan Frjentsjer en Ids Roukema fan Harns de PC, Smidts waard ta kening útroppen. Yn 1919 wûn er de PC foar de twadde kear, dizze kear mei Jan Ymtes Heeg fan Easterein en Sybolt Meyes Tigchelaar fan Dronryp ek by dizze 68ste edysje fan de PC waard Smidts keazen as kening.
Smidts waard nei jierren as arbeider by sûkerfabryk Frisia, kafeehâlder oan de Harlingerweg yn Frjentsjer, tsjinoer it stedspark. Anne Smidts ferstoar op 31 maart 1969 yn de âldens fan 76 jier.
Prizen 1909 - Freule 1e priis 1913 - Jong Nederlân 3e priis 1913 - de Bond 1e priis 1913 - PC 1e priis 1914 - de Bond 1e priis 1915 - de Bond 3e priis 1915 - PC 3e priis 1916 - de Bond 5e priis 1917 - de Bond 5e priis 1917 - PC 2e priis 1918 - PC 3e priis 1919 - PC 1e priis 1921 - de Bond 3e priis 1922 - PC 2e priis 1923 - de Bond 3e priis 1925 - de Bond 2e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Minnertsgea Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1893 Kategory:Persoan stoarn yn 1969