De berchrobynkielgeal (Luscinia pectoralis) is in fûgel yn it skaai robynkielgealtsjes (Calliope) út 'e famylje miggesnappers (Muscicapidae).

Ferskining De berchrobynkielgeal wurdt 12 oant 14 sm lang en liket op 'e gewoane robynkielgeal. It mantsje hat in robynkleurige kiel en in wite wynbroustreek. By dizze soarte is de brune kleur fan 'e robynkielgeal lykwols ferfongen troch griis. Fierder is de sturt swart mei in wite sturtbasis en wite sturtpunten. In brede swarte bân is ek sichtber op it boarst. By dizze fûgel ûntbrekt boppedat de wite snorstreek fan 'e gewoane robynkielgeal. It wyfke liket op it wyfke fan 'e robynkielgeal, mar is grizer en hat wite punten op 'e bûtenste sturtfearren.

De Sineeske robynkielgeal waard earder as in ûndersoarte fan 'e berchrobynkielgeal behannele en liket dêr ek in soad op, mar hat in wite snorstreek, mear read op 'e kiel en in dúdlik smellere swarte boarstbân. Ek binne de rop en de genetika oars.

Fersprieding De berchrobynkielgeal wurdt yn trije ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:

Calliope pectoralis pectoralis - komt foar yn eastlik Afganistan. Calliope pectoralis confusa - komt foar fan Nepal oant Bûtan. Calliope pectoralis ballioni - komt foar yn bercheftige regio's fan Sintraal-Aazje en noardeastlik Afganistan.

De soarte briedt yn healiepen lânskip boppe de beamline. It dieet bestiet út ynsekten, simmerdeis benammen larven en rûpen, mar ek spinnen, weakdieren en lytse reptilen. De fûgel briedt tusken maaie en juny yn 'e Tien Shan en it Alajberchtme, tusken maaie en augustus op oare plakken.

Taksonomy Lykas alle gealtsjes, mar ek fûgels lykas kwikkerts, readsturtsjes en paapkes, waard de robynkielgeal earder as in lyster (Turdidae) behannele, mar út genetyske stúdzjes die bliken dat er yn 'e miggesnapperfamylje (Muscicapidae) thúsheart.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte, stabile populaasje. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN ) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018). Der is gjin rûzing fan 'e oantallen fan 'e soarte, mar de fûgel wurdt as gewoan omskreaun.

Kategory:Robynkielgealtsje Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan