De Noardske geal (Luscinia Luscinia) is in sjongfûgel yn it skaai gealtsjes (Luscinia) út de famylje fan 'e miggesnappers (Muscicapidae).
Ferskining De Noardske geal wurdt 15 oant 17 sintimeter lang en hat in soad fan 'e gewoane geal. De Noardske geal is wat grutter, donkerder en minder readbrún. Ek de sang is oars: de Noardske geal hat in ratteljende sang, wylst de geal in melodieuze en fluitsjende sang hat. Ek út it genetysk ûndersyk hat bliken dien dat it dúdlik om twa ferskillende soarten giet en sels de foarkar foar habitat is oars: de Noardske geal kiest foar fochtige bosken, wylst de gewoane geal leaver de strûken, de boskrânen en tunen opsiket. thumb|left|Ringjen fan in Noardske geal. Yn it fjild falt it lykwols net altiten ta om de gewoane geal en de Noardske geal útinoar te hâlden. By it ringjen of by it finen fan in dea eksimplaar is it ûnderskied wol betrouber fêst te stellen: de bûtenste hânpin fan in gewoane geal is altiten langer as de hândekfearren, wylst dy by de Noardske geal altiten koarter is.
Fersprieding Wylst de gewoane geal yn West- en Súd-Europa foarkomt, libbet de Noardske geal yn East- en Noard-Europa fan Denemark en it noarden fan Dútslân yn it westen oant djip yn Ruslân mei de Ob as eastlike grins. Yn augustus en septimber trekke de Noardske gealen nei it easten fan Afrika en yn april of maaie komme se werom yn harren briedgebieten. Opfallend is dat de meast westlike fûgels in oare rûte werom nimme.
Yn it westlike grinsgebiet fan it briedgebiet fan Denemark nei it súdeasten oant de Swarte See is in smelle stripe, dêr't de gewoane geal en de Noardske geal tagelyk foarkomme, mar wol elk yn it eigen habitat.
Hâlden en dragen De Noardske geal nêstelet op tsjustere, fochtige plakken tichteby de grûn. It nêst wurdt boud troch it wyfke en is makke fan drûge blêden, strie, woartels, tûkjes en moas en somtiden hier. Yn it bekerfoarmige nêst wurde yn maaie fjouwer of fiif brune aaikes lei en troch it wyfke útbret. De aaien komme nei trettjin oant fjirtjin dagen út, wylst de jongen mar alve oant tolve dagen yn it nêst bliuwe. Se ferlitte it nêst foardat se fleane kinne.
Noardlike nachtegalen ite meast lytse ynvertebraten lykas ynsekten, spinnen, wjirms en yn 'e lette simmer ek lytse fruchten lykas beien.
Status De Noardske geal hat in tige grut ferspriedingsgebiet. De oantallen fan 'e populaasje wurde rûsd op 15 oant 24 miljoen folwoeksen fûgels (2021) en oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. Dêrfandinne stiet de Noardske geal as net bedrige (Least Concern, 2025) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Gealtsje Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo
