De fjoerkielgeal of de Pater Davidsgeal (Calliope pectardens, synonym: Luscinia pectardens) is in fûgelsoarte yn it skaai robynkielgealtsjes (Calliope) út 'e famylje miggesnappers (Muscicapidae).
Ferskining De fûgel is in 15 sm lange fûgel mei in grut ferskil tusken it fearrekleed fan mantsjes en wyfkes. It mantsje hat in feloranje kiel en boarst. De krún en de boppedielen binne blaugriis. De kop is swart oant om it each en de swarte kleur rint troch by de oranje kiel en boarst lâns. De búk en ûndersturtdekfearren binne wyt. It wyfke is brún mei in oranje-beige ûnderkant en in witige búk. De poaten binne griis en de snaffel is swart.
Fersprieding De fjoerkielgeal wurdt yn bercheftige regio's oantroffen fan súdeastlik Tibet oant West- en Sintraal-Sina en oerwinteret yn noardeastlik Birma. Earder waarden de fjoerkielgeal en de swartkielgeal (C. obscura) as ferskillende kleursoarten fan 'e selde soarte beskôge. Undersyk nei it sjongen, uterlik en de genetika wiisde út dat it aparte soarten binne. De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.
Hâlden en dragen Fjoerkielgealtsjes briede yn tichte strûken yn dellingen en oan wetterrinnen fan berchbosken op in hichte fan 2700-3700 meter. De soarte oerwinteret yn Bangladesj, Yndia, Tibet en it noarden fan Birma.
Status Der is net in soad oer de fûgel bekend. De soarte liket tige seldsum te wêzen, mei de iennige resinte briedende registraasjes út it Nasjonaal Natuerreservaat Wolong yn 'e Sineeske provinsje Sichuan. Der wurdt lykwols ek toch dat de soarte slim ûnderrapportearre wurdt, om't syn briedplakken min te berikken binne en selden besocht wurde troch ornitologen. Nei alle gedachten nimt de soarte ôf troch ferneatiging fan syn habitat yn sawol it briedgebiet as it oerwinteringsgebiet. Om't fierdere ynformaasje ûntbrekt kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as gefoelich; de wrâldpopulaasje wurdt ynearsten op 10.000-20.000 fûgels rûsd.
Kategory:Robynkielgealtsje Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân