De swartkielgeal (Calliope obscura; synonym Luscinia obscura) is in fûgelsoarte yn it skaai robynkielgealtsjes (Calliope) út 'e famylje miggesnappers (Muscicapidae).

De fûgel bleau lang min bekend en wie sûnt de ûntdekking yn 1886 mar in pear kear waarnommen. By fjildstúdzjes yn Qinling Shan yn 'e Sineeske provinsje Shaanxi waarden yn 2011 14 mantsjes sjoen en yn 2012 24 mantsjes en twa wyfkes. Yn 2012 waard ek it earste briedpear fûn. In soad kennis oer de soarte is basearre op dy waarnimmings.

Ferskining De 12,5 oant 14,5 sm lange fûgel wykt ôf fan 'e oare soarten yn it skaai. It mantsje is boppe laaigriis en it blau is allinnich by goed ljocht te sjen. De kiel en it boarst binne swart en de búk is wyt. It wyfke is brún mei in blekere búk en in readbrune sturt.

Fersprieding De swartkielgeal briedt lokaal yn 'e bercheftige gebieten fan West- en Sintraal-Sina yn súdeastlik Gansu, súdwestlik Shaanxi, noardlik Sichuan en noardlik Yunnan. Bûten de briedtiid is de fûgel op in hichte fan 400 meter boppe seenivo yn Tailân waarnommen. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield is.

Hâlden en dragen It is in skouwe fûgel dy't op 'e grûn en yn lege strûken iten siket. De swartkielgeal briedt yn berchbosken op hichten tusken 2.400 en 3.350 en liket in foarkar te jaan oan dwerchbamboebosken mei in miks fan konifearen en leafbeammen. Beide âlden soargje foar harren jongen en fuorje se mei miggen, flinters en oare ynsekten en spinnen .

Taksonomy De soarte waard formeel foar it earst yn 1891 troch de Russyske ornitologen Michail Berezovski en Valentin Bianchi wittenskiplik bekreaun. De fûgel krige yn 'e oarspronklike publikaasje de namme Larvivora obscura. Lettere auteurs setten de soarte yn it skaai Luscinia ûnder de namme Luscinia obscura. Yn 2010 waard in wiidweidige fylogenetyske stúdzje oer sjongfûgels yn 'e famylje Muscicapidae publisearre. Dêrút die bliken dat it skaai Luscinia net monofyletysk wie, itjinge betsjut dat de soarten yn it skaai gjin nauwe sibben fan inoar wienen. Om in monofyletyske groep te foarmjen waard dêrom it skaai Calliope wer ynsteld. Ferskillende soarten ferhûzen dêrnei nei it nije skaai. Fan 'e seldsume swartkielgeal wienen gjin monsters ôfnommen, mar op basis fan morfologyske oerienkomsten waard oannommen dat de soarte ek ta de Calliope hearde. Foar in apart ûndersyk nei de swartkielgeal en de besibbe fjoerkielgeal waard letter DNA sammele en dêrút die bliken dat de soarten yndied sustersoarten binne fan 'e oare fûgels yn 'e groep. Dêrfandinne is de algemien akseptearre namme no Calliope obscura.

Yn âldere publikaasjes wurdt de swartkielgeal noch as in ûndersoarte fan 'e fjoerkielgeal behannele. De yn 2013 publisearre stúdzje "Taxonomic status of Blackthroat Calliope obscura and Firethroat C. pectardens" fan û.o. Per Alström ferlikene de genetika, sang, morfology fan 'e fûgels en dêrút die bliken dat it om twa ferskillende soarten giet.

Status Op basis fan 'e waarnimmings yn 2011 en 2012 wurdt de soarte net sa seldsum achte as earder tocht om't der grutte gebieten binne mei geskikte briedgebieten. De IUCN kategorisearret de soarte noch altyd as kwetsber (Vulnerable, 2020) op 'e Reade list. Oannommen wurdt dat de populaasje ôfnimt en in rûzing fan 'e wrâldpopulaasje út 2001 giet út fan 2.500 oant 10.000 folwoeksen fûgels.

Kategory:Robynkielgealtsje Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân