Rinze Rinzes Yetsenga (Arum, 22 jannewaris 1898 - Ljouwert, 9 oktober 1973) wie in Frysk keatser.
Heeg helle 188 punten foar it ivich keatsklassemint. Op jonge leeftiid hie Yetsenga in slim ûngelok wêrby't er ferwûnings oprûn oan syn skonken, en dêrom krige er dispensaasje foar it dragen fan in lange wite broek. Ek syn ûnmiskenbere wite pet foel op.
Yn 1921 wûn er mei Taede Zijlstra fan Wytmarsum en Jan Ymtes Heeg fan Easterein, foar de earste kear de PC. It jier dêrnei, wist er mei deselde maten as yn 1921 de PC foar de twadde kear te winnen. Mar doe wie hy it dy't de eare takaam om ta kening keazen te wurden.
It hiene mear oerwinnings wêze kinnen as Yetsenga net twa kear ferstek gean litte moast fanwegen tryste famylje-omstannichheden. Krekt foar de PC fan 1919 ferstoar syn suster en yn 1923 ferstoar syn heit yn deselde tiid fan it jier.
Yn 1922 krige Yetsenga mei in blessuere te meitsjen. Hy krige lêst fan in keatsearm, mar troch taktysk te keatsen hold er it noch tweintich jier fol. Ek op it iis koe Yetsenga prima út de fuotten. Sa ried er de alvestêdetocht op redens yn 1933, 1940, 1941, 1942 en 1947 mei sukses út. Rinze Rinzes Yetsenga ferstoar op 9 oktober 1973 yn de âldens fan 75 jier.
Prizen 1916 - Jong Nederlân 4e priis 1917 - de Bond 3e priis 1919 - de Bond 2e priis 1921 - PC 1e priis 1922 - PC 1e priis 1925 - PC 4e priis 1931 - de Bond 4e priis 1933 - de Bond 2e priis 1934 - de Bond 4e priis 1935 - PC 3e priis 1936 - PC 4e priis 1937 - de Bond 5e priis 1938 - de Bond 4e priis 1941 - de Bond 3e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Arum Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1898 Kategory:Persoan stoarn yn 1973