Sir Edwin Henry Landseer (Londen, 7 maart 1802 - dêre, 1 oktober 1873) wie in Ingelske keunstskilder, etser en byldhouwer. Hy wie spesjalisearre yn it skilderjen fan bisten, benammen hynders, hûnen en harten, mar makke ek portretten, ûnder oare fan Sir Walter Scott, en histoarjestikken. As byldhouwer is er benammen bekend fan de ferneamde liuwen oan de foet fan Nelson's Column op it Londenske Trafalgar Square, dy't yn 1867 ûntbleate waarden.

Libben en wurk Landseer wie in soan fan de graveur en skriuwer John Landseer (1769-1852) en waard yn syn jeugd beskôge as in wûnderbern. Hy studearre by syn heit en by de histoarjeskilder Benjamin Haydon. Doe't er noch mar 13 jier wie eksposearre er syn earste wurken by de Royal Academy of Arts. Hy besocht Skotlân, 20 jier âld, en rekke besiele troch it lânskip, dat er geregeld werjoech yn syn bisteportretten. Tige ferneamde waard syn skilderij Monarch of the Glen (1851).

Doe't er 24 wie, waard Landseer keazen ta assosjearre lid fan de akademy en yn 1831 ta folslein lid. Hy wie in favoryt fan keninginne Fiktoaria, dy't him yn 1850 ta ridder ferhefte; sûnt dy tiid mocht er de titel sir fiere. Yn 1866 waard er keazen ta foarsitter fan de akademy, mar hy betanke foar de eare, dat dy posysje gie nei Francis Grant

Lânseers wurk berikte in grutte populariteit yn brede rûnte en in soad fan syn wurken fûnen yn de foarm fan etsen en litografyen har wei nei de muorren fan withoefolle húshâldingen.

De keunstner krige al op frij jonge jierren psychyske problemen, dêr't hy de rest fan syn libben mei wrakselje soe. Hy wie in hie swiere depresjes, dy't op lettere jierren slimmer waard troch alkohol - en drugsgebrûk. Ormond, Monarch 125 Hy wurke lykwols troch. Koart foar syn dea, yn 1872, liet syn famylje him kranksinnich ferklearje.

Landseer ferstoar yn St John's Wood yn Londen en waard mei grutte eare byset yn St Paul's Cathedral.

By syn dea liet Landseer trije ûnfoltôge skilderijen efter: Finding the Otter, Nell Gwynne, en The Dead Buck, allegear op skildersezels yn syn atelier. It wie syn lêste winsk dat syn freon John Everett Millais de skilderijen foltôgje soe, en dat die er.J It hûneras landseer is nei Edwin Landseer ferneamd.

Galery

Keppelingen om utens 149 ôfbylden yn de Wikigallery Wurken mei taljochting op MuseumSyndicate

Kategory:Ingelsk keunstskilder Kategory:Ingelsk byldhouwer Kategory:Persoan berne yn 1802 Kategory:Persoan stoarn yn 1873