De Wet op de bistebeskerming wie in Nederlânske wet dy't fêststeld waard yn 1961. Doel wie foarsjenningen te treffen op it mêd fan bistebeskerming foar ûnder oare hûnen, katten en mestkeallen. Mei it yngean fan de Wet dieren is de Wet op de bistebeskerming mei yngong fan 1 july 2014 ynlutsen. Artikel 12.1 sub c, Wet dieren
Utfiering troch it Ryk De Minister fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit stelt regels foar it hâlden fan: in hiemhûn mestkeallen De Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen stelt in list mei bisten gear dêr't eigeners of hâlders in fergunning foar by de Minister foar oanfreegje moatte om dizze bisten tentoan te stellen of te fertoanen, ôf te rjochtsjen of foar ferkeap op foarried te hawwen.
Utfiering troch de Gemeente Foar it útoefenjen fan bedriuwsmjittige aktiviteiten mei katten en/of hûnen (foar ûnder oare fokkers, kennels, bistewinkels, bistedokters en hûnetrainers) is in fergunning fan de gemeente nedich.
Utfiering troch de Plysje De plysje hat nachts it foech om losrinnende hûnen en katten op te fangen yn de iepenbiere bûtenromte. As hûnen en katten in gefaar foarmje foar oare bisten mei de plysje dy ek oerdeis en ek op hiemen fan huzen fange en as dat net slagget sels deameitsje. De plysje lit dit witte oan de eigener of hâlder fan it bist as dy bekend is. Dy moat op straffe fan in jildboete it bist, as dy noch yn libben is, binnen twa wiken ophelje.
Keppeling om utens Folsleine wettekst, sa't dy jilde op 30 juny 2013
Kategory:Nederlânske wet Kategory:Barren yn 1961 Kategory:Bistebeskerming