Klaas de Jager (Wattenscheid Dútslân, 16 april 1901 - Ljouwert, 26 jannewaris 1988) wie in Frysk keatser en fjouwerfâldich PC-winner.

Klaas de Jager waard yn 1901 berne yn it Dútske Wattenscheid, mar in healjier letter nei syn berte ferhuze de húshâlding werom nei Harns. De Jager helle 363 punten foar it ivich keatsklassemint. Syn plak yn it partoer wie efteryn it perk en op de boppeline. It opslaan wie oan him net bestege en dêrom waard er ek komselden ta kening fan in partij útroppen.

Yn 1923 wûn er mei Michiel Miedema fan Frjentsjer en Ids Roukema fan Harns foar de earste kear de PC. It jier derop wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Hans Knol en Ids Roukema. Klaas de Jager waard ta kening útroppen. It soe dêrnei sân jier duorje foar't er yn 1931 foar de tredde kear de PC winne soe; dizze kear wiene Taede Zijlstra fan Wytmarsum en Pieter Helfrich syn maten. Trije jier letter wûn er foar de fjirde en lêste kear de PC, no mei Marten van der Hem fan Raerd en Harmen Bogaard.

Syn ôfskied kaam yn 1940 doe't er noch in twadde priis wûn yn syn eigen stêd. Klaas de Jager ferstoar op 26 jannewaris 1988 yn de âldens fan 86 jier.

Prizen 1918 - Jong Nederlân 4e priis 1923 - PC 1e priis 1924 - PC 1e priis 1925 - de Bond 3e priis 1926 - de Bond 1e priis 1928 - de Bond 1e priis 1930 - de Bond 1e priis 1931 - de Bond 1e priis 1931 - PC 1e priis 1932 - de Bond 1e priis 1933 - PC 4e priis 1934 - PC 1e priis 1938 - de Bond 2e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1988