De dwerchpinguïn (Eudyptula minor) is in koloniale seefûgel yn 'e pinguïnfamylje en de iennige soarte yn it skaai dwerchpinguïns. De fûgel komt foar yn Nij-Seelân en súdlik Austraalje en fertoant regionale ferskillen yn morfology, feareigenskippen en briedekology.

Ferskining De lytse pinguïn wurdt likernôch 30 oant 35 sm heech en hat in spanwiidte fan 10 sm. As folwoeksen fûgel weaget er likernôch 1,5 kg. De dwerchpinguïn hat blaugrize wjukken mei in wite râne. It boarst, de nekke en it kin binne wyt en de rêch is griisblau.

Fersprieding en taksonomy De dwerchpinguïn waard foar it earst beskreaun yn 1781 troch de Dútske natuerkundige Johann Reinhold Forster. Hy wurdt fûn yn Nij-Seelân, súdlik Austraalje en Tasmaanje.

Tradisjoneel wurdt it takson ferdield yn seis ûndersoarten en dy yndieling wurdt noch altiten troch Clements et. al folge. thumb|left|De Eudyptula minor albosignata (wytwjukpinguïn). Eudyptula minor novaehollandiae (Stephens, 1826) – briedt yn Súd-Austraalje en Tasmaanje. Eudyptula minor iredalei (Mathews, 1911) – briedt yn it noarden fan it Noardereilân fan Nij-Seelân Eudyptula minor variabilis (Kinsky & Falla, 1976) – briedt op it súdlike Noardereilân Eudyptula minor albosignata (Finsch, 1874) – briedt op it eastlike Sudereilân fan Nij-Seelân. Eudyptula minor minor – de nominaatfoarm briedt op it westlike en súdlike Sudereilân en op Stewarteilân Eudyptula minor chathamensis (Kinsky & Falla, 1976) – endemysk foar de Chathameilannen

De taksonomy fan 'e lytse pinguïn is ûnderwerp fan strideraasje. Yn 2002 liet in stúdzje fan Jonathan C. Banks e.o. sjen dat de klassike seis ûndersoarten genetysk yn twa dúdlike klades opdield wurde kin. Tusken 2010 en 2020 hienen DNA-ûndersiken ek dy opfallende útkomsten. Der binne twa dúdlik aparte haadgroepen te ûnderskieden, in Australyske en in Nijseelânske, dy't genetysk sterk fan inoar ôfwike. Dy twa haadgroepen binne al tsientûzenen jierren fan inoar isolearre en der is skraachwurk útwikseling tusken dy twa groepen. Njonken genetyske ferskillen stelden de ûndersiken ek ferskillen yn rop, briedgewoanten, it ferfearjen en in oantal subtile lichemsskaaimerken fêst.Coalescent Modelling Suggests Recent Secondary‑Contact of Cryptic Penguin Species — Grosser, Burridge, Peucker & Waters, 2015.]

Neffens in stúdzje út 2009 ûntstienen de foarâlders fan 'e dwerchpinguïn ûnstienen yn Nij-Seelân, nei alle gedachten yn in kâlde tiid yn it Pleistoseen. In diel fan 'e Nijseelânske populaasje stiek de Tasmansee oer en kolonisearre dêr Tasmaanje en Súd-Austraalje. Troch de isolaasje dêr ûntstie dêr in Australyske populaasje. Letter soenen in pear Australyske dwerchpinguïns op 'e nij yn Nij-Seelân telâne kommen wêze, dêr't se in populaasje yn it noarden fan it lân stiften.Range‑Wide Phylogeography of the Little Penguin (Eudyptula minor): Evidence of Long‑Distance Dispersal (2009) thumb|250px|Dwerchpinguïn yn 'e dieretún fan Perth.

Hâlden en dragen De dwerchpinguïn briedt yn koloanjes en it briedseizoen is fan maaie oant oktober. It wyfke leit trochstrings twa aaien, dy't troch beide âlden útbret wurde. De aaien komme nei sawat 36 dagen út. It dieet bestiet foar in grut part út inketfisk, garnalen en fisk. Status De lytse pinguïn hat in grutte en stabile populaasje fan nei skatting in heal miljoen folwoeksen fûgels. De IUCN kategorisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2020). De grutste bedriging foar de dwerchpinguïn hjoed-de-dei foarmet it yndustriële rôffiskjen, dy't de fiedselboarne fan 'e fûgel ôfpakt.

Kategory:Dwerchpinguïn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn de Chathameilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan