Jan Ymtes Heeg (Easterein, 11 maaie 1897 - Ljouwert, 24 novimber 1982) wie in Frysk keatser.
Heeg helle 123 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1911 wûn er mei Easterein de Freulepartij. Dêrnei waard it in pear jier stil om de boeresoan út Easterein hinne, om't de oergong fan de jongeskategory nei de senioaren eartiids tige grut wie.
Yn 1919 wûn er mei Sybolt Meyes Tigchelaar fan Dronryp en Anne Smidts fan Frjentsjer foar de earste kear de PC. Twa jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Taede Zijlstra fan Wytmarsum en Rinze Rinzes Yetsenga fan Arum, Jan Ymtes Heeg waard ta kening útroppen. It jier dêrnei helle er dat nochris, mei deselde maten as yn 1921.
Nei syn karriêre as keatser waard er skiedsrjochter. Jan Ymtes Heeg ferstoar op 24 novimber 1982 yn de âldens fan 85 jier.
Prizen 1911 - Freule 1e priis 1919 - PC 1e priis 1920 - de Bond 3e priis 1921 - PC 1e priis 1922 - PC 1e priis 1925 - PC 4e priis 1927 - PC 3e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Frysk skiedsrjochter Kategory:Persoan berne yn Easterein Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1897 Kategory:Persoan stoarn yn 1982