It fûgelskaai gealtsjes (Luscinia) bestiet út lytse en skouwe fûgelsoarten mei in tige krêftige sang, dy't faak by it skimerjen of nachts te hearren is.
De soarten yn it skaai binne lytse oant middelgrutte sjongfûgels fan 13 oant 17 sm. Se binne slank en ha relatyf lange poaten en in fine, spitse snaffel. Se ite meast ynsekten en lytse wringeleaze bistjes.
Guon soarten ha felle kleuren, oaren binne brún of griisbrún. Der bestiet yn 'e soarten net in soad ferskil tusken wyfkes en mantsjes, útsein yn 'e tekening fan 'e kiel en it boarst.
Se binne oer it generaal skou en libje tichteby de grûn. It binne trekfûgels dy't briede yn 'e Paleärktyske sône fan Europa en Aazje en oerwinterje yn Afrika of Súd-/Súdeast-Aazje.
De typesoarte fan it skaai is de Noardske geal.
Soarten It skaai wurdt yn 4 soarten ûnderferdield: Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding StatusTrend120px Luscinia svecica blauboarstke Noard- en Midden-Europa oant fier yn Sibearje en Alaska, oerwinteret yn Súd-Europa, Noard-Afrika, it Midden-Easten, Súd-Aazje net bedrigestabylLuscinia svecica op BirdLife 120px Luscinia phaenicuroides wytbúkgeal Himalaya, West-Sina, Noard-Yndosina, oerwinteret yn Súd-Aazje, Súdeast-Aazje net bedrigestabylLuscinia phaenicuroides op BirdLife120px Luscinia luscinia Noardske geal Noard- en East-Europa, West-Sibearje, oerwinteret yn tropysk East-Afrika net bedrigestabylLuscinia luscinia op BirdLife 120px Luscinia megarhynchos geal West- en Sintraal Europa, West- en Midden-Aazje, oerwinteret yn tropysk Afrika net bedrigestabylLuscinia megarhynchos op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Miggesnapper