It fûgelskaai Robynkielgealtsjes (Calliope) bestiet út lytse oant middelgrutte sjongfûgels fan 13 oant 16 sm lang. De soarten waarden foarhinne yn it skaai Luscinia set, mar op basis fan DNA-ûndersyk hat in splitsing plakfûn en binne in oantal soarten yn it aparte skaai Calliope set. De soarten steane bekend om harren heldere en melodieuze sang.

Mantsje ha in felkleurd boarst (read, oranje of blau) mei somtiden in konstrastearjende râne. Wyfkes binne brún, griisbrún of oliifkleurich sûnder opfallende tekening. De búk is ljochter as de boppekant. De fûgels ha in slank formaat mei relatyf lange poaten. De snaffel is rjocht, fyn en geskikt om ynsekten te fangen

Se binne skou en libje yn 'e regel tichteby de grûn, dêr't se tusken strûken hippe. Se briede ek op of krekt boppe de grûn en it nêst sit goed ferside yn 'e strûken of it gers.

Robynkielgealtsjes binne te finen yn Sibearje, Sina, yn 'e Himalaya en yn Japan. De measte soarten binne trekfûgels en oerwinterje yn Súdeast-Aazje.

Soarten It skaai wurdt yn 5 soarten ûnderferdield: Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding StatusTrend120px Calliope calliope robynkielgeal Sibearje, Noard-Mongoalje, oerwinteret yn Súdeast-Aazje. net bedrigestabylCalliope calliope op BirdLife 120px Calliope obscura swartkielgeal West-Sina, eastlik Tibet, oerwinteret yn Súd-Sina, Birma kwetsberôfnimmendCalliope obscura op BirdLife120px Calliope pectardens Fjoerkielgeal Sintraal-Sina, oerwinteret yn Súd-Sina, Yndosina hast bedrigeôfnimmendCalliope pectardens op BirdLife 120px Calliope pectoralis berchrobynkielgeal Himalaya, West–Sintraal Sina, oerwinteret yn Noard-Yndia oant Súdeast-Aazje net bedrigestabylCalliope pectoralis op BirdLife120px Calliope tschebaiewi Sineeske robynkielgeal Sintraal- en West-Sina, oerwinteret yn Súd-Sina, Yndosina net bedrigestabylCalliope tschebaiewi op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Miggesnapper