Ronald Gerhardus Wilhelmus Cornelissen (berne op 12 desimber 1964 yn Gaanderen) is in Nederlânske geastlike en sûnt 11 oktober 2025 de fjirde biskop fan it bisdom Grins-Ljouwert. It biskopswapen fan mgr. Cornelissen hat it motto Peregrinantes in spem ('Pylgers fan hope').
Cornelissen waard berne yn Gaanderen yn 'e gemeente Doetinchem as de jongste fan fjouwer bern. Hy siet op 'e Sint-Augustinusskoalle yn Gaanderen en dêrnei op it Isala Kolleezje yn Silvolde (heger algemien fuortset ûnderwiis en foar-universitêr ûnderwiis).
Hy studearre teology oan it Ariënskonvikt yn Utert. Op 19 oktober 1996 waard er ta preester wijd yn 'e Sint-Katarinakatedraal yn Utert troch kardinaal Simonis. Dêrnei hied er pastorale funksjes yn Slagharen, Denekamp, Dimter, Raalte en Rijssen. Ek holp er by it organisearjen en lieden fan pylgertochten. Fan 2009 oant 2025 wie hy biskoplik fikaris fan it Dimter fikariaat.
Op 7 july 2025 waard Cornelissen as opfolger fan biskop Ron van den Hout ta biskop fan it bisdom Grins-Ljouwert beneamd nei't de earstneamde biskop fan Roermond waard. Op 11 oktober 2025 krige Cornelissen de biskoplike wijing en besette er de biskoplike sit yn 'e Sint-Joazefskatedraal yn Grins. Earstwijende en haadselebrant wie kardinaal Eijk, aartsbiskop fan Utert.
Kategory:Nederlânsk biskop Kategory:Achterhoeksk persoan Kategory:Persoan berne yn 1964