Sybolt Meyes Tigchelaar (Dronryp, 14 oktober 1888 - Snits, 5 augustus 1979) wie in Frysk keatser.
Sybolt Meyes syn âlden hiene in molkfeebedriuw yn Dronryp, Sybolt en syn mem ferkochten de molke yn de omjouwing, mar ek yn Frjentsjer en Harns. Mei dêrtroch, en omdat er sels letter in molksaak hie, krige er al gau de bynamme fan "Melk en Suup".
Tigchelaar helle 68 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1912 wûn er mei Sikke de Vries fan Harns en Rinse Jan Hendrik Brink fan Easterlittens de PC, Tigchelaar waard ta kening útroppen. Dat er sân jier letter yn 1919 soe er eins net meidwaan oan de PC mar de suster fan Rinze Rinzes Yetsenga ferstoar krekt foar de grutte dei, dat Yetsenga koe net meidwaan. Yn Sybolt Meijes Tigchelaar waard in goede ferfanger fûn. En sa wûn Tigchelaar foar de twadde kear de PC, dizze kear mei Jan Ymtes Heeg fan Easterein en Anne Smidts fan Frjentsjer.
Yn 1978 mocht Tigchelaar tegearre mei Wieb van Wieren it keunstwurk "de keatsers" makke troch keunstner Guus Hellegers op de Breedepleats yn Frjentsjer ûntbleatsje. It keunstwurk stiet hjoed de dei op de rotonde fan de Burgemeester Dijkstraweg mei de Hertog van Saxenlaan. Sybolt Meyes Tigchelaar ferstoar op 5 augustus 1979 yn de âldens fan 90 jier.
Prizen 1911 - de Bond 6e priis 1912 - PC 1e priis 1915 - de Bond 4e priis 1919 - de Bond 1e priis 1919 - PC 1e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Dronryp Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1888 Kategory:Persoan stoarn yn 1979