Catrinus Werkhoven (Wytmarsum, 7 oktober 1884 - dêre, 19 septimber 1959) wie in Frysk keatser.

Werkhoven helle 333 punten foar it ivich keatsklassemint. Catrinus waard, as soan fan in winkelman, yn Wytmarsum berne. Mei oare keatskoryfeeën, lykas Rein Zaagemans, Jan Sjoerds Kuperus en Sytze Abeles Kooistra, bekwaam er him yn de opslach en de útslach, jûn oan jûn. Syn mem wie der gjin foarstanner fan dat Catrinus it keatsspul beoefene. Hy like net sa sterk, wie lang en seach der bleek út. Dochs soe Catrinus, ien fan de alderbêste keatsers fan syn tiid wurde.

Hy behearske alle fasetten fan it keatsspul, wie in treflike útslagger, in treflike spullieder en in taktikus fan formaat. Hy wûn fjouwer kear de PC en seis kear de Bûnspartij foar Senioaren. Hy waard twa kear ta kening fan de PC útroppen.

Yn novimber 1943 yn de Twadde Wrâldkriich waard Werkhoven troch de Dútske besetter beneamd ta boargemaster fan Wûnseradiel. Syn broer Johannes Werkhoven waard op deselde wize boargemaster fan Ferwerderadiel.

Catrinus Werkhoven ferstoar op 19 septimber 1959 yn de âldens fan 74 jier.

Prizen 1903 - de Bond 1e priis 1903 - PC 2e priis 1904 - de Bond 1e priis 1904 - PC 2e priis 1905 - de Bond 2e priis 1906 - PC 1e priis 1907 - de Bond 1e priis 1908 - de Bond 3e priis 1909 - de Bond 3e priis 1909 - PC 1e priis 1910 - PC 1e priis 1911 - de Bond 1e priis 1912 - de Bond 1e priis 1912 - PC 2e priis 1913 - de Bond 2e priis 1913 - PC 1e priis 1917 - de Bond 1e priis 1918 - PC 2e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Wytmarsum Kategory:Persoan stoarn yn Wytmarsum Kategory:Persoan berne yn 1884 Kategory:Persoan stoarn yn 1959