De bâniisfûgel (Megaceryle alcyon) is in fûgel út de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae), dy't yn Noard-Amearika libbet. De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 as Alcedo alcyon yntrodusearre troch Carolus Linnaeus. Linnaeus basearrre de namme op eardere beskriuwingen en ôfbylden fan Mark Catesby, John Ray en George Edwards.

Beskriuwing Bâniisfûgels binne 28 oant 35 sm lang, wege 113 oant 178 gram en ha in spanwiidte fan 48 oant 58 sm. Se ha in laaigrize kop mei in rûge túf en in swarte snaffel mei in grize basis. Under de kop rint in brede wite ring om 'e nekke. Op it boarst hat de fûgel in donkere bân. De rêst fan it ûnderbealchje is meast wyt. De rêch en wjukken binne laaigriis mei swarte fearrepunten en wite plakken. By de soarte is sprake fan in omkeard seksuëel dimorfisme: it wyfke is feller kleurd as it mantsje en hat by it boarst en by de búk lâns readbrune plakken. thumb|left|Jong mantsje. Jonge fûgels ha in soad fan 'e folwoeksen fûgels, mar beide skaaien ha in readbrune bân op it boarst. By jonge mantsjes is dat gjin sletten bân, wylst de jonge wyfkes in folle smellere readbrune bân ha as folwoeksen wyfkes.

Fersprieding De fûgels komme yn Noard-Amearika foar. Yn 'e gebieten mei in tuskenbeide klimaat is de bâniisfûgel in stânfûgel. Yn 'e kâldere gebieten, lykas yn Alaska en Kanada trekke de fûgels nei Meksiko, Midden-Amearika en de noardlike Súd-Amerikaanske kustgebieten. Jonge fûgels trekke werom nei it gebiet dêr't se weikomme. Hiel út en troch binne bâniisfûgels yn West- en Noard-Europa te sjen, benammen yn Ierlân. Se libje by wetterstreamen en marren mei begroeide iggen.

Nêst It nêst wurdt troch de fûgels útgroeven yn steile iggen oan it wetter of op sânbanken. Oan 'e ein fan 'e horisontale tunnel is in keamer, dêr't 5 oant 8 aaien lein wurde, dy't yn 21 dagen troch beide âlders útbret wurde. Nei it útkommen fan 'e aaien fuorje beide âlders de jonge fûgels.

Iten thumb|left|Wyfke mei proai. De fûgels brûke beammen, strûken of peallen of oare saken om proaien te sykjen yn it wetter. It iten fan bâniisfûgels bestiet út fiskjes, kreefetigen, ynsekten, weakdieren, lytse fûgels, reptilen en wetterdierkes.

Status De wrâldpopulaasje fan 'e soarte wurdt op 1,8 miljoen rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige klassifisearre.

Keppeling om utens Ebird Birdlife Avibase

Kategory:Reuze-iisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen