De grienreade iisfûgel (Chloroceryle inda) is in fûgel fan it skaai griene iisfûgels (Chloroceryle) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Beskriuwing thumb|left|Ofbyld fan in mantsje en wyfke. Grienreade iisfûgels wurde 24 sm lang en ha in gewicht fan 46 oant 60 gram. De boppedielen binne glânzgjend grien en ûnder is de fûgel readbrún. De wjukken binne fral by de wyfkes wyt sprinkeld. Allinne it wyfke hat oer it boarst in grienwite bân. De grienreade iisfûgel liket noch it meast op 'e griene dwerchiisfûgel, mar is twaris sa grut.

Fersprieding De grienreade iisfûgels komme fan it súdeasten fan Nikaragûa, Kosta Rika en Panama oant de Golf fan Guayaquil en eastlik fan 'e Andes oer it noarden fan Súd-Amearika oant de Atlantyske kust fan 'e Brazyljaanske dielsteat Santa Catarina foar. Se libje oant in hichte fan 400 m yn tichte bosken oan stadich streamend wetter, sompen en mangroves.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

Chloroceryle inda inda – fan Nikaragûa oant it noarden fan Bolivia en Súdeast-Brazylje. Chloroceryle inda chocoensis – West-Kolombia en Noardwest-Ekwador.

Gedrach De soarte jaget fan in stangel út yn it wetter nei proaien, dy't besteane út fisken fan maksimaal 12 sm lang en garnalen.

Nêst In nêst bestiet út trije oant fiif aaien. Der is fierder net in soad bekend oer it briedgedrach.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt oannommen dat de oantallen ôfnimme. De ôfname is lykwols net sa grut dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. De IUCN klassifisearet de fûgel dêrfandinne as net bedrige op 'e Reade list. In rûge rûzing út 2016 hâldt de populaasje op in heal oant fiif miljoen fûgels.

Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase

Kategory:Griene iisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname