Oskar Albinus (Albin) Stenroos (Vehmaa, 24 febrewaris 1889 - Helsinki, 30 april 1971) wie in Finsk lange-ôfstânsdraver.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1912 en 1924). Hy waard yn Parys Olympysk kampioen op de maraton nei't er tolve jier earder in sulveren medalje wûn hie mei it Finske team by it fjildrinnen en in brûnzen medalje op de 10.000 meter.

Albin Stenroos ferstoar op 30 april 1971, yn 'e âldens fan 82 jier.

Maratons 1909, maraton fan Helsinki - 3:03.54,1 1924, maraton fan Hyvinkää - 2:39.33 1924, Olympyske maraton Parys - 2:41.22,6 1926, Boston Maraton - 2:29.40

Kategory:Finsk lange-ôfstânsdraver Kategory:Finsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1889 Kategory:Persoan stoarn yn 1971