Ugo Frigerio (Milaan, 16 septimber 1901 - Garda, 7 july 1968) wie in Italjaansk hurdwanneler.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1920, 1924 en 1932). Hy waard yn Antwerpen Olympysk kampioen, op de 3 kilometer en de 10 kilometer hurdwanneljen. Fjouwer jier letter yn Parys prolongearre hy syn titel op de 10 kilometer, de trije kilometer wie yntusken fan it programma ferdwûn. Yn 1928 stie it hurdwanneljen net op it programma fanwege alle diskusjes oer diskwalifikaasjes. Mar yn Los Angeles wie de sport wer Olympysk no as dykûnderdiel fan 50 kilometer. It slagge trijefâldich Olympysk kampioen Frigerio en win op dizze ôfstân in brûnzen medalje.

Frigerio waard letter tsysker. Ugo Frigerio ferstoar op 7 july 1968, yn 'e âldens fan 66 jier

Kategory:Italjaansk hurdwandeler Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Italjaansk keapman Kategory:Lombardysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1968