Carlo Pietro Galimberti (Rosario Argentynje, 2 july 1894 - Milaan, 10 augustus 1939) wie in Italjaansk gewichtheffer.
Galimberti groeide op as soan fan Italjaanske ymmigranten yn it Argentysnke Rosario. Nei de Earste Wrâldkriich kearde de húshâlding werom nei Itaalje.
Hy die fjouwer kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928, 1932 en 1936). Hy waard yn Parys Olympysk kampioen yn de klasse oant 75 kg, by de folgjende Spullen yn Amsterdam en Los Angeles wûn hy in sulveren medalje yn deselde klasse.
Carlo Galimberti wie yn syn deistich libben wurksum as brânspuitman, hy ferstoar op 10 augustus 1939, yn 'e âldens fan 45 jier, oan de gefolgen fan brânwûnen dy't er oprûn hie by in eksploazje fan in ferwaarmingstsjettel.
Kategory:Italjaansk gewichtheffer Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Italjaansk brânspuitman Kategory:Persoan berne yn 1894 Kategory:Persoan stoarn yn 1939