De blauboarstiisfûgel of leie-iisfûgel (Halcyon malimbica) is in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing De blauboarstiisfûgel is in 25 sm lange iisfûgel. Hy hat in soad fan 'e Senegaleeske iisfûgel, mar de fan boppe reade en fan ûnder swarte snaffel is folle swierder. It boarst, de rêch en de sturt fan folwoeksen fûgels binne turkwase, wylst de ûnderdielen wyt binne. De kop fan 'e soarte is boppe griisbrún en der rint in brede swarte eachstreek oant de snaffel. De fûgel hat reade poaten.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet leit foar it grutste part yn Afrika fan Senegal yn it west oant West-Tanzania yn it easten. It leefgebiet bestiet út bosk en wetter en mangroves.
Der wurde fjouwer ûndersoarten erkend:
Undersoarten blauboarstiisfûgel Wittenskiplike namme Beskriuwer Fersprieding H. m. torquata (1837) Fan Sierra Leöane oant West-Kameroen en op it eilân Bioko. H. m. forbesi (1892) fan Senegal en Gambia oant Guinee-Bissau en westlik Maly. H. m. dryas: (1854) Op it eilân Prinsipe yn 'e Golf fan Guinee. H. m. malimbica: (1812) fan Kameroen oant Uganda en Sambia.
Gedrach Blauboarstiisfûgels binne lûdroftige fûgels. Se ite wringeleazen lykas grutte ynsekten, krabben, fisk, kikkerts en ek wol nuten fan 'e oaljepalm. Se briede meastentiids yn holtes fan termiteheuvels en in lechsel bestiet út twa aaien.
Status Is is net bekend hoe grut de populaasje is, mar de soarte giet efterút troch de ferneatiging fan geskikt biotoop. Om't de efterútgong minder heech is as 30% yn trije generaasjes, wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.
Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte beamiisfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda