De Sineeske reuze-iisfûgel (Megaceryle lugubris) is in fûgel út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing thumb|left|Mantsje. thumb|left|Wyfke. De oant 43 sm lange soarte hat in opfallende túf. Syn fearren ha in patroan fan grize en wite plakken en de búk en de hals binne wyt. It mantsje hat in smelle, brutsen oranje halsbân, wylst it wyfkes ûnder de wjukken oranje dekfearren hat.
Fersprieding De soart libbet fan noardeastlike Afganistan oant sintraal Fjetnam en Japan. Se ha in foarkar foar hurdstreamende, skjinne rivieren mei natuerlik iggen.
Undersoarten Fan 'e soarte binne fjouwer ûndersoarten bekend:
M. l. continentalis: de westelike en sintrale Himalaya. M. l. guttulata: fan 'e eastlike Himalaya oant Sintraal-Sina en noardlik Yndosina. M. l. pallida: Hokkaido (noardlik Japan) en de súdlike Koerilen (Ruslân). M. l. lugubris: Sintraal en Súd-Japan.
Status Der is gjin rûzing oer de oantallen fan 'e soarte. Sineeske reuze-iisfûgels ha in grut ferspriedings gebiet. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte dêrom as net bedrige klassifisearre (2024). De oantallen nimme oer it generaal tebek. Yn in grut diel fan Japan wurdt de soarte bygelyks as bedrige beskôge troch ôfnimmende oantallen as gefolch fan biotoopferlies en ek feroaringen yn Nepal, lykas ûntbosking en bouaktiviteiten, bedriigje de fûgel. Keunstmjittige wetterrinnen en de oanlis fan dammen makket harren leefgebiet ûngeskikt. Se ferlieze harren briedplakken as de iggen fan rivieren mei stien bedike wurde of weispiele troch de kap fan beammen. De soarte hat boppedat grutte territoaria nedich, sadat biotoopferlies al gau de populaasje ûnder druk set. It oanpassingsfermogen fan 'e soarte oan oare lânskippen is mooglik, mar beheind.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reuze-iisfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân