De Afrikaanske reuze-iisfûgel (Megaceryle maxima) is in fûgel út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Skaaimerken De Afrikaanske reuze-iisfûgel wurdt 42 oant 46 sm lang en weaget 255 oant 426 gram. Mantsjes binne trochstrings swierder as wyfkes. De fûgels ha grutte donkergrize oant swarte snaffels. De fearren binne boppe donkergriis mei wite pjukkels. It mantsje hat in kastanjeread boarst en in wite búk mei donkere pjukkels en donkere bannen oan 'e flanken. By it wyfke is dat oarsom: sy hat in wyt boarst mei donkere pjukkels en in kastanjereade búk.
Fersprieding Der wurde twa ûndersoarten erkend:
M. m. maxima (Pallas, 1769): komt foar yn iepen lânskip fan Senegal eastlik oant it westen fan Etioopje en súdlik oant yn Súd-Angoala, Botswana en fral eastlik fan úd-Afrika. M. m. gigantea (Swainson, 1837): yn boskrike gebieten fan Libearia, Noard-Nigearia, Tanzania en bosrike gebieten fan Angoala.
Yn it oergongsgebiet komme mingfoarmen fan 'e ûndersoarten foar. De soarte komt yn meardere types lânskip foar as der mar wetter is, dus rivieren troch bosken of savanne's, langunes oan seekusten en riviermûningen, mar ek by dobben, foar in part opdrûge rivieren, yrrigaasjewurken en fivers. De fûgel komt oant in hichte fan 2300 m foar.
Iten Folwoeksen fûgels ite krabben, fisken en kikkerts, dy't se dûkend fanôf in tûke boppe it wetter fange.
Status De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet, sadat de kâns op útstjerren lyts is. Alhoewol't der gjin rûzings binne fan 'e oantallen, wurdt der oannommen dat de soarte yn oantal tebekrint, mar net sa hurd dat de efterútgong boppe de 30% yn tsien jier útkomt. Dêrfandinne wurdt de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre. Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase
Kategory:Reuze-iisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda