De sebra-iisfûgel (Lacedo pulchella) is in fûgeloarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). It is de iennige soarte yn it monotypyske skaai fan 'e sebra-iisfûgels (Lacedo)

Beskriuwing De iisfûgel is in tige kleurryk fûgeltsje mei in karmynreade snaffel en in relatyf grutte kop. It mantsje hat in felblauwe kroan mei in kastanjebrún gesicht en in wyt kin. Op 'e rêch en de wjukken hat er in swart-blau strekepatroan, wylst it boarst en de búk oerkleurich binne. It wyfke hat boppedielen mei in brún-swart strekepatroan en it wite ûnderbealchje hat donkere streekjes dy't fan 'e flanken nei de midden fealer wurde.

Fersprieding De soarte komt yn it leechlân en de grienbliuwende bosken fan Súdeast-Aazje en de Grutte Sûnda-eilannen foar, meastentiids yn 'e ûnderlagen en middelste lagen fan beammen, oant in hichte fan likernôch 1.100 m. Earder kaam de soarte yn Singapoer foar, mar dêr is de soarte útstoarn. Der wurde trije ûndersoarten erkend:

L. p. amabilis: Súd-Birma, Tailân en Súd-Fjetnam. L. p. pulchella: Maleizje, Sumatra, Java en de noardlike Natuna-eilannen. L. p. melanops: Borneo en Bangka.

Nêst De sebra-iisfûgel boud syn nêst yn rotte beammen of termiteheuvels.

Status De soarte wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre. Der binne gjin rûzings fan 'e wrâldpopulaasje, mar sebra-iisfûgels ha in grut ferspriedingsgebiet. Om't der in soad bosk yn it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte ferneatige is, wurdt der fanút gien dat de oantallen fan 'e soarte tebekrinne.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Iisfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân