De Menintingiisfûgel (Alcedo meninting) is fûgel fan it skaai echte iisfûgels (Alcedo semitorquata) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte liket in soad op 'e gewoane iisfûgel. De fûgel is ferneamd nei in plakje oan 'e westlike kust fan Lombok.
Beskriuwing thumb|left|De Menintingiisfûgel yn it Dehing Patkai Wildlife Sanctuary, Assam (Yndia). Lykas de gewoane iisfûgel is de Menintingiisfûgel likernôch 15 sm lang. It ferskil is dat de Menintingiisfûgel djipper fan kleur. De búk is wat donkerder oranje en it blau op 'e wjukken en op 'e kop is ek donkerder blau.
Fersprieding Lykas de measte soarten iisfûgels libbet yn 'e tropen fan Yndia oant Yndoneezje op it eilân Lombok. De Menintingiisfûgel komt meastentiids foar oan rivieren en beken fan it leechlânreinwâld, mar ek yn sompen en mangrovebosken oan 'e kust.
Undersoarten Der wurde fiif ûndersoarten erkend:
Alcedo meninting meninting: komt foar yn it suden fan Malakka, Borneo, it suden fan 'e Filipinen, it súdwestlike part fan Sûlawezy, de Sûla-eilannen, Sumatra, Java, Baly en Lombok. Alcedo meninting rufigastra: Andamanen. Alcedo meninting phillipsi: it suden fan Yndia en Sry Lanka. Alcedo meninting coltarti: it noarden fan Yndia oant yn Yndosina. Alcedo meninting cintillans: it noarden fan Malakka.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, sadat de kâns op útstjerren lyts is. Hoe grut de populaasje is, is net bekend. De soarte komt nearne algemien foar en nei alle gedachten rinne de oantallen tebek. Dat tebekrinnen is net mear as 30% yn 'e 10 jier en sadwaande wurdt de fûgel as net bedrige klassifisearre op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Echte iisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren