De malachytiisfûgel (Corythornis cristatus; synonym: Alcedo cristata) is in iisfûgelsoarte út Afrika.

Beskriuwing thumb|left|Fûgel út it Marievale Nature Reserve, Gauteng, Súd-Afrika. Malachyiisfûgels wurde trochstrings 13 sm lang en weagje 12 oant 19 gram. Op 'e kroan sitte lange, grienblau mei swarte fearkes, dy't in túfke foarmje. Under it each oant op it boarst is de iisfûgel oranje oant readbrún. Op it kin is in wyt plakje en ek op 'e nekke sit in wyt plak. It bealchje is boppe glânzgjend ultramarynblau. Folwoeksen fûgels ha reade poaten en in reade snaffel. Juvenilen binne doffer en ha in donkere snaffel en poaten.

Fersprieding De soarte libbet yn in grut part fan Afrika súd fan 'e Sahara oant in hichte fan 3000 m. It biotoop bestiet út in grut oantal lânskippen mei ryklik begroeid wetter, lykas sompen, dobben, beken, rivieren en mûningen fan rivieren, mangroves en oare wettergebieten mei genôch begroeiïng.

Undersoarten Der wurde fiif ûndersoarten erkend:

C. c. galeritus: (Senegal oant East-Afrika en fierder oant Noard-Angoala en Malawy) C. c. nais: (Prinsipe) C. c. thomensis: (Sao Tomee) C. c. cristatus: Súd-Angoala oant Súd-Mozambyk en it easten fan Súd-Afrika) C. c. stuartkeithi: (Sûdan en Etioopje)

Hâlden en dragen De fûgel jaget op wetterdierkes lykas kreefteftigen, kikkerts, lytse fisken, wetterynsekten en larven fan libellen. Ek wurdt der op imerkes en hagedissen jage.

Yn 'e briedtiid siket de fûgel steile iggen oan wetterkanten op, dêr't it nêst boud wurdt.

Status Der binne gjin rûzings oer de grutte fan 'e populaasje fan 'e soarte. Se ha in grut ferspriedingsgebiet en binne net seldsum. Der bestiet ek gjin oanlieding om te tinken dat de soarte tebekrint yn oantal. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.

Kategory:Afrikaanske iisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda