It Marokkaansk jachtloaihoars (wittenskiplike namme: Acinonyx aicha) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e jachtloaihoarsen (Acinonyx). Dit bist libbe yn it Plioseen (5,3–2,6 miljoen jier lyn) yn Noard-Afrika.
It iennichste bekende fossyl fan it Marokkaansk jachtloaihoars waard yn 'e 1990-er jierren fûn by in opgraving by Ahl al-Oughlam, yn 'e beboude kom fan 'e stêd Kasablanka, yn it noardwesten fan Marokko. De grûnlaach dêr't it fossyl yn oantroffen waard, datearret út it geologysk tiidrek fan it Piacenzyn, dat rûn fan 3,6–2,6 miljoen jier lyn.
It Marokkaansk jachtloaihoars waard foar it earst yn 1997 wittenskiplik beskreaun troch de paleöntolooch Denis Geraads, yn it artikel Carnivores du Pliocène de Ahl al-Oughlam (Casablanca, Maroc) yn it wittenskiplik tydskrift Géobios. Dizze soarte liek in protte op it moderne jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), mar wie primitiver. Wannear't it reuzejachtloaihoars (Acinonyx pardinensis) beskôge wurdt as makrosoarte, wurdt it Marokkaansk jachtloaihoars soms as ûndersoarte dêrfan werjûn, mei de wittenskiplike namme A. p. aicha.
Sjoch ek jachtloaihoars middelgrut jachtloaihoars reuzejachtloaihoars
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Jachtloaihoars Kategory:Bist útstoarn yn it Plioseen Kategory:Fossyl sûchdier Kategory:Fossyl yn Marokko