De Echte iisfûgels (Alcedo) foarmje in fûgelskaai út de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). De wittenskiplike namme fan it skaai waard yn 1758 publisearre troch Carolus Linnaeus. De wittenskiplike namme Alcedo is ôflaat fan it Aldgrykske ἀλκυών alkuōn; alcyon (mei as fariant ἁλκυών halkuōn; halcyon) en is yn beide talen de namme foar de 'iisfûgel'.

Soarten It skaai bestiet út acht soarten: Echte iisfûgels Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status 120px Alcedo atthis iisfûgel Europa, Súd-Aazje, noarden fan Afrika. net-bedrige 120px Alcedo coerulescens turkoaisiisfûgel Fan Sumatra oant de Lytse Sûnda-eilannen. net-bedrige 120px Alcedo euryzona Javaanske blaubâniisfûgel Java krityk 120px Alcedo hercules Blythiisfûgel Fan Nepal oant Sintraal-Fjetnam en Fujian yn it súdeasten fan Sina hast-bedrige 120px Alcedo meninting Menintingiisfûgel Birma, Brûnei, Maleizje, Yndoneezje, Tailân net-bedrige 120px Alcedo peninsulae Maleiske blaubâniisfûgel Birma, Brûnei, Maleizje, Yndoneezje, Tailân hast-bedrige 120px Alcedo quadribrachys glânsiisfûgel West- en Sintraal-Afrika net-bedrige 120px Alcedo semitorquata kobaltiisfûgel eastlike helte fan Afrika net-bedrige

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Iisfûgel