De swartsnaffeliisfûgel (Corythornis vintsioides, synonym Alcedo vintsioides) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing It 13 sm lange fûgeltsje liket op 'e gewoane iisfûgel. Se ha in swarte snaffel en reade poatsjes. De kroan fan it kopke is grienblau-swart streke. De boppedielen fan 'e wjukken binne donkerblau, de kiel is wyt. It boarst, de búk en de ûnderkant fan 'e wjukken binne oranjeread.
Fersprieding De soarte libbet op 'e Komoaren, Majot en Madagaskar. Der wurde twa ûndersoarten erkend:
C. v. johannae: Komoaren. C. v. vintsioides: Madagaskar.
De fûgel is hast oeral waar te nimmen yn gebieten mei wetter, lykas bekend, marren, rivieren, rysfjilden en oan 'e kust oant in hichte fan 1800 m.
Status Is is net bekend hoe grut de populaasje is, mar dy wurdt as stabyl beskôge en de soarte komt algemien foar. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status net bedrige.
Kategory:Afrikaanske iisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Majot