De wytbúkiisfûgel (Corythornis leucogaster; synonym: Alcedo leucogaster) is in fûgel út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing De wytbúkiisfûgel is in lytse iisfûgel fan 13 sm lang en likernôch 14,5 gram. De boppedielen binne ultramaryn en de snaffel en poaten binne read. It ûnderbealchje is oranjebrún mei in wite streek, dy't fan 'e kiel nei de ûnderkant fan 'e sturt rint. Mantsjes en wyfkes binne gelyk.
Fersprieding De soarte libbet yn Sintraal- en West-Afrika en der wurde trije ûndersoarten erkend:
C. l. bowdleri: fan Guinee oant Maly en Gana. C. l. leucogaster: fan Nigearia oant noardwestlik Angoala en Bioko. C. l. leopoldi: fan eastlik Kongo oant Súd-Uganda en Noardwest-Sambia.
Foar de soarte is subtropysk bosk wichtich, mar de fûgel wurdt ek waarnommen yn wiete gebieten, plantaazjes of grutte parken.
Status De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar is net algemien. Fanwegen it ferlies oan bosk yn it ferspriedingsgebiet wurdt der fanút gien dat de oantallen tebekrinne. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status fan net bedrige (2024).
Kategory:Afrikaanske iisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda