De beamiisfûgels (wittenskiplike namme: Halcyoninae, synonym: Daceloninae) foarmje in ûnderfamylje fan it skift fan 'e rôldereftigen (Coraciiformes) en de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). Ta dizze ûnderfamylje hearre sa'n 70 soarten, wêrfan't de kookaburra (Dacelo novaeguineae) út Austraalje faaks de bekendste is. De fersprieding beslacht fral Australaazje en Súd- en Súdeast-Aazje, mar beamiisfûgels komme ek foar yn Afrika en op 'e eilannen fan Oseaanje en de Yndyske Oseaan.

Taksonomy De wittenskiplike namme fan 'e beamiisfûgels wurdt gauris jûn as Daceloninae, dat yn 1841 yntrodusearre waard troch de Italjaansk-Frânske ornitolooch en taksonoom prins Karel Lusiaan Bonaparte. Mar de namme Halcyoninae waard al yn 1825 yntrodusearre troch de Ierske ornitolooch Nicholas Aylward Vigors en hat dêrom prioriteit.

De beamiisfûgels binne ien fan trije ûnderfamyljes yn 'e famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinindae). De oare beide binne de rivieriisfûgels (Alcedininae) en de wetteriisfûgels (Cerylinae). Ta de beamiisfûgels hearre sa'n 70 soarten, dy't ferdield binne oer 11 skaaien.

Untstean en fersprieding De beamiisfûgels lykje ûntstien te wêzen op it fêstelân en de eilannen fan Súdeast-Aazje, om har dêrwei te fersprieden nei oare dielen fan 'e wrâld. Tsjintwurdich komme se benammen foar yn Austraalje, op Nij-Guineä en de eilannen fan 'e Yndyske Arsjipel en op it fêstelân fan Súd- en Súdeast-Aazje, mar beamiisfûgels komme ek foar yn Afrika en op 'e eilannen fan Oseaanje en de Yndyske Oseaan. Se libje yn in ferskaat oan biotopen fan tropysk reinwâld oant iepen bosken.

Skaaimerken De beamiisfûgels binne koart-sturte, grutkoppige, kompakt boude fûgels mei lange, spitse snaffels. Lykas by oare rôldereftigen is it fearrekleed fel fan kleur. Ornaris binne beamiisfûgels monogaam en territoriaal, en nêstelje se yn beamholten of termitenêsten. It brieden wurdt troch beide âlden dien, en tegearre fuorje se ek de piken, dy't nêstbliuwers binne en helpleas, blyn en keal út it aai komme. It lizzen fan 'e aaien wurdt om 'e dei dien, sadat by itenskrapte inkeld de âldere, sterkere pyk fretten kriget en de jongere ferkomt.

Hoewol't guon beamiisfûgels ôfhinklik binne fan 'e oanwêzigens fan oerflaktewetter yn 'e foarm fan beken, puollen of sompen, hawwe se har net spesjalisearre ta it fretten fan fisk. De measte soarten dûke fan in hege sit ôf op proai (yn it wetter of op it drûge), en ite fral stadige wringeleazen of lytse wringedieren.

Underfamylje-opbou

ûnderfamylje beamiisfûgels (Halcyoninae) skaai blau-eariisfûgels (Cittura): 2 soarten Sangirblau-eariisfûgel (Cittura sanghirensis) Selebesblau-eariisfûgel (Cittura cyanotis) skaai blau-wite iisfûgels (Cardonax): 1 soarte blau-wite iisfûgel (Caridonax fulgidus) skaai boskiisfûgels (Actenoides): 6 soarten blaukopboskiisfûgel (Actenoides monachus) Luzonboskiisfûgel (Actenoides lindsayi) Maleiske boskiisfûgel (Actenoides concretus ) Mindanaoboskiisfûgel (Actenoides hombroni ) Salomonsboskiisfûgel (Actenoides bougainvillei) streekkopboskiisfûgel (Actenoides princeps) skaai echte beamiisfûgels (Halcyon): 12 soarten blauboarstiisfûgel of leie-iisfûgel (Halcyon malimbica) brúnboarstiisfûgel (Halcyon gularis) brúnkopiisfûgel (Halcyon albiventris) griiskopiisfûgel (Halcyon leucocephala) Javaanske iisfûgel (Halcyon cyanoventris) rodzige iisfûgel of rôze iisfûgel (Halcyon coromanda) mangrove-iisfûgel (Halcyon senegaloides) Senegaleeske iisfûgel of Senegaliisfûgel (Halcyon senegalensis) Smyrna-iisfûgel (Halcyon smyrnensis) streekte iisfûgel (Halcyon chelicuti) sûkeladerêchiisfûgel of wytkieliisfûgel (Halcyon badia) swartkopiisfûgel of swartkapiisfûgel (Halcyon pileata) skaai eibertiisfûgels (Pelargopsis): 3 soarten brúnwjukiisfûgel (Pelargopsis amauroptera) eibertsbekiisfûgel (Pelargopsis capensis) grutsnaffeliisfûgel (Pelargopsis melanorhyncha) skaai flaggesturtiisfûgels of flachsturtiisfûgels (Tanysiptera): 9 soarten Arûflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera hydrocharis) Australyske flaggesturtiisfûgel (Tanysiptera sylvia) Biakflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera riedelii) brúnrêchflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera danae) flaggesturtiisfûgel (Tanysiptera galatea) Kofiauflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera ellioti) Numforflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera carolinae) rôze flaggesturtiisfûgel (Tanysiptera nympha) swartkopflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera nigriceps) skaai gielsnaffeliisfûgels (Syma): 2 soarten berchgielsnaffeliisfûgel (Syma megarhyncha) lytse gielsnaffeliisfûgel (Syma torotoro) skaai heaksnaffeliisfûgels (Melidora): 1 soarte heaksnaffeliisfûgel (Melidora macrorrhina) skaai kookaburra's of kûkaburra's (Dacelo): 5 soarten Arûkookaburra (Dacelo tyro) blauwjukkookaburra (Dacelo leachii) kikkertbekiisfûgel (Dacelo rex, foarh. Clytoceyx rex) kookaburra of gewoane kookaburra (Dacelo novaeguineae) readbúkkookaburra (Dacelo gaudichaud) skaai sebra-iisfûgels (Lacedo): 1 soarte sebra-iisfûgel (Lacedo pulchella) skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus): 30 soarten Bismarckiisfûgel (Todiramphus albonotatus) blau-swarte iisfûgel (Todiramphus nigrocyaneus) Bora Bora-iisfûgel (Todiramphus tutus) Gûamiisfûgel (Todiramphus cinnamominus) † yn it wyld hagedisiisfûgel (Todiramphus saurophagus) Halmaheara-iisfûgel (Todiramphus funebris) hillige iisfûgel (Todiramphus sanctus) Louisiadeniisfûgel (Todiramphus colonus) kastanjebúkiisfûgel (Todiramphus farquhari) Mangaia-iisfûgel (Todiramphus ruficollaris) Mangareva-iisfûgel (Todiramphus gambieri) † Marianeniisfûgel (Todiramphus albicilla) Markesasiisfûgel of Markezyske iisfûgel (Todiramphus godeffroyi) Melanezyske iisfûgel (Todiramphus tristrami) Niau-iisfûgel (Todiramphus gertrudae) Noardmolukske iisfûgel of Noard-Molukkeniisfûgel (Todiramphus diops) Palau-iisfûgel (Todiramphus pelewensis) Pasifyske iisfûgel (Todiramphus sacer) platsnaffeliisfûgel (Todiramphus recurvirostris ) Ponapee-iisfûgel (Todiramphus reichenbachii) readrêchiisfûgel (Todiramphus pyrrhopygius) Súdmolukske iisfûgel of Súd-Molukkeniisfûgel (Todiramphus lazuli) Tahitiaanske iisfûgel of Tahity-iisfûgel (Todiramphus veneratus) Talaudiisfûgel (Todiramphus enigma) Timoriisfûgel (Todiramphus australasia) Torresstrjitte-iisfûgel (Todiramphus sordidus) ultramaryniisfûgel (Todiramphus leucopygius) wâldiisfûgel, macleay-iisfûgel of Macleay's iisfûgel (Todiramphus macleayii) winchelliisfûgel of Winchells iisfûgel (Todiramphus winchelli) wytkraachiisfûgel (Todiramphus chloris)

Kategory:Iisfûgel