De Amerikaanske reuze-iisfûgel (Megaceryle torquata) is in fûgel út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Beskriuwing thumb|left|Tekening fan mantsje (foargrûn) en wyfke (eftergrûn). De soarte heart mei in lingte fan 40 sm ta de gruttere iisfûgels. De kop en de wjukken fan 'e fûgel binne griis en se ha in wite halsbân. It boarst is kastanjeread. Wyfkes ha oars as de mantsjes tusken ûnder de wite halsbân ek noch in brede grize bân oer it boarst mei oan 'e kant fan 'e kastanjereade búk noch in smelle wite seame. De Latynske namme Artepitheton torquata en ek de Ingelsktalige namme Ringed Kingfisher ferwize nei dy "ringen" fan 'e tekening. Syn Dútske namme Rotbrustfischer (Readboarsfisker) ferwiist nei syn kastanjereade boarst.

Op in pear hielendal yn it suden briedende populaasjes nei, dy't winterdeis nei it noarden trekke, is de fûgel it hiele jier troch in stânfûgel.

Fersprieding De soarte libbet fan it súdwesten fan 'e Feriene Steaten oant Fjoerlân. Yn Súd-Amearika ûntbrekt de soarte yn 'e hegere dielen fan 'e Andes, de Atacama en Noardwest-Argentynje. Se komme yn ferskillende biotopen foar oant in hichte fan 1500 en ha in foarkar foar beboske iggen oan stadich streamende rivieren en marren. Faak is de fûgel waar te nimmen yn mangrovebosken en oan riviermûningen. De fûgel is net hiel skou en wurdt ek op rysfjilden sjoen en somtiden sels yn gruttere parken.

Der wurde trije ûndersoarten erkend:

M. t. stictipennis: de Lytse Antillen. M. t. torquata: fan it suden fan Teksas oant it noardene fan Argentynje, Isla Margarita en Trinidad. M. t. stellata: Sily en Argentynje.

Status De wrâldpopulaasje wurdt op 20 miljoen fûgels rûsd (2008). De soarte is stabyl en wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre (2020).

Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase

Kategory:Reuze-iisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay