De rodzige iisfûgel of rôze iisfûgel (Halcyon coromanda) is in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De binomiale namme ferwiist nei de Koromandelkust yn Yndia.
Beskriuwing thumb|left|Rodzige iisfûgel op 'e Andamanen.
De oant likernôch 25 sm lange readbrune iisfûgel hat in tige grutte, helderreade snaffel en poaten yn 'e selde kleur. It bealchje is readbrún oant okergiel mei op 'e sturt en wjukken faak pears of fiolet. Der is hast gjin seksuëel dimorfisme, alhoewol't guon boarnen skriuwe dat de mantsjes wat helderder kleuren ha.
Fersprieding De soarte komt foar yn tichte bosken en reinwâlden en dêrfandinne wurdt de fûgel faker heart as sjoen. It ferspriedingsgebiet leit tusken Súd-Koreä en Japan yn it noarden oant de Filipinen en de Sûnda-eilannen yn it suden en Sina en Yndia yn it westen. It is in trekfûgel. Winterdeis trekke fûgels út it noardlike ferspriedingsgebiet oant Borneo ta. De readbrune iisfûgel is seldsum yn Japan, dêr't fûgeltsjelju foar de fûgel útrinne, wylst yn oare dielen de readbrune iisfûgel lokaal algemien is.
Gedrach Lykas oare iisfûgels ite rodzige iisfûgels meast fisk, grutte ynsekten en skaaldieren. Se ite yn gebieten mei minder streamend wetter ek kikkerts en oare amfibyen.
Undersoarten Fan 'e soarte binne de folgjende ûndersoarten bekend:
Undersoarten rodzige iisfûgel Wittenskiplike namme Beskriuwer Fersprieding Karakteristyk H. c. coromanda (1790) Nepal, Sikkim, Bûtan, West-Bengalen, Bangladesj, Noard-Birma en Súdwest-Sina, eastlik oant Makau. Oerwinteret op it Maleizysk skiereilân, Sumatra en Java Lila oant readbrún, sulverblauwe stút, reade snaffel en poaten. H. c. major & (1848) Japan, Súd-Koreä en Noardeast-Sina, trekfûgel yn East-Sina, Taiwan, Rjûkjû-eilannen, Filipinen, Sulawesi en (selden) Borneo. Underkant bleker as de nominaatfoarm en minder fiolet, dielen fan 'e stút blau en oant in smelle streek redusearre. Underkant learkleuriger en folle bleker as de nominaatfoarm. Snaffel smeller, langere wjukken. H. c. mizorhina (1915) Andamanen, Súdwest-Birma Boppekant readbrún mei ljochtfiolette glâns, ûnderkant donkerder as de nominaatfoarm, boarst mei bleek fiolet. Langere snaffel. H. c. bangsi (1915) Rjûkjû-eilannen, East-Taiwan. Oerwinteret op 'e Filipinen súdlik fan 'e Talaud-eilannen. Boppekant folle donkerder en fioletter. Underkant donkerder en djippere snaffelbasis as de nominaatfoarm. Lange wjukken. H. c. minor & (1848) Fan it Maleizyske skiereilân oant Singapoer, Riau-eilannen, Sumatra, Mentawai-eilannen, Bangka en Belitun, West-Java en Borneo. Boppekant donkerder, ûnderfant folle donkerder as nominaatfoarm, kastanjekleuren. Kroan, mantel en boarst glânzgjend mei fiolette swym. Stút hat in grutter wyt plak. Koarte wjukken. H. c. linae & Du Pont (1974) Palawan en Tawi-Tawi (Súdwest-Filipinen) Lykas de H. c. minor, mar in wat donkerder boppe- en ûnderpart. Mantel en boarst hast donkerpears. H. c. claudiae & Du Pont (1974) Tawi-Tawi (súdlike Sulu-arsjipel) H. c. rufa (1863) Sulawesi en in pear by de kust lizzende eilannen. Lykas H.c. minor, mar minder donker. Stút bleek blau skimerjend. Lange wjukken, lange snaffel en koarte sturt. H. c. pelingensis (1939) Op it eilân Peleng (Banggai-eilannen, Yndoneezje). Lykas H.c. rufa, mei in sulverkleurige stút. H. c. sulana (1970) Sûla-eilannen eastlik fan Peleng Lykas de nominaatfoarm, mar mear fiolet en lange wjukken en in lange snaffel.
Status De wrâldpopulaasje fan 'e rodzige iisfûgel is net kwantifisearre, mar de soarte is yn in grut part fan it ferspriedingsgebiet seldsum. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantallen tebekrint troch biotoopferlies. Ek wurde der fûgels sammele om se te preparearjen. De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre (2016).
Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte beamiisfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren