De brúnkopiisfûgel (Halcyon albiventris) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing De brúnkopiisfûgel is in middelgrut lid fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon). De fûgel hat in opfallende reade snaffel, reade poaten en in ljochtbrún streke kop. De boppekanten fan 'e wjukken binne donkerbrún oant swart en kobaltblau. De sturt en rêchfearren binne azuerblau.
Fersprieding De soarte komt yn 'e súdlike helte fan Afrika foar en telt fjouwer ûndersoarten:
H. a. albiventris: it suden fan Súd-Afrika. H. a. orientalis: fan Somaalje oant Botswana en Mozambyk. H. a. prentissgrayi: fan súdeastlike Kenia oant Kongo, Angoala en Sambia. H. a. vociferans: fan Simbabwe en súdlik Mozambyk oantnoardeastlik Súd-Afrika.
It biotoop fan 'e soarte bestiet út bosk, savanne's en agraryske gebieten.
Iten It iten bestiet fral út ynsekten, mar ek slangen, skorpioenen, hagedissen, jonge fûgeltsjes, kjifdieren en fiskjes.
Status De wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Yn it ferspriedingsgebiet is it geskikte biotoop ôfnommen. Dêrom wurdt der fanút gien dat de soarte yn oantal efterút giet. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade list (2024).
Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte beamiisfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania