De mangrove-iisfûgel (Halcyon senegaloides) is in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte is monotypysk.

Beskriuwing De mangrove-iisfûgel is likernôch 22 sm lang. Tusken mantsjes en wyfkes is gjin ferskil. De kop is donker griisbrún mei in swarte streek ûnder it donkerbrune each. De snaffel is hielendal read en grutter as dy fan 'e Senegaleeske iisfûgel. De ûnderkant fan 'e soarte is foar it grutste part griiswyt mei wat swart by de okselfearren. De poaten binne donker griisbrún. De súdlike fûgels fan 'e soarte ha somtiden wat langere wjukken en smellere snaffels.

Jonge fûgels binne doffer fan kleur en ha in bêzje waas op it boarst en in brune snaffel.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel leit fan 'e Somalyske kust oant de kust fan 'e Kaapprovinsje yn Súd-Afrika. Mangrove-iisfûgels libje meast net fierder as 20 km fan 'e kust. Yn Etioopje (delling fan 'e Juba) en Mozambyk (delling fan 'e Sambezy) libbet de mangrove-iisfûgel ek fierder it binnenlân yn.

It biotoop fan 'e fûgel bestiet út bosk en iepen lân mei bosk oan rivieren. Bûten de briedtiid wurdt de fûgel ek waarnommen yn mangrovebosken, by mûningen fan rivieren en kustgebieten mei bosk, kultivearre gebieten, stedsparken, fivers en tunen.

Status Alhoewol't de IUCN de mangrove-iisfûgel op 'e Reade list as net bedrige klassifisearret (2024), wurdt oannommen dat de fûgel yn oantal efterút giet troch it ferlies fan bosk yn it ferspriedingsgebiet fan 'e mangrove-iisfûgel.

Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte beamiisfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania