De Senegaleeske iisfûgel of Senegaliisfûgel (Halcyon senegalensis) is in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Beskriuwing thumb|left|180px|Senegaleeske iisfûgel yn it Nasjonaal Kruger Park, Súd-Afrika. De 23 sm lange fûgel is op 'e rêch, sturt en wjukken ljochtblau. Kop, nekke en ûnderkant binne wyt en de skouders swart. De grutte snaffel is boppe read en ûnder swart. De fûgel hat reade poaten. Beide skaaien binne hast gelyk, juvenilen ha wat minder sprekkende kleuren en in brune snaffel. De rop fan 'e fûgel is in lûd triljen.

Fersprieding Senegaleeske iisfûgels libbje fral oan 'e evener binne de beide 8e breedtegraden. De noardlike en súdlike populaasjes migrearje yn 'e drûge tiid rjochting evener. It leefgebiet bestiet út net tichte bosken en ek by delsettings fan minsken. De fûgel ferdigenet syn territoarium, ynklusyf tsjin minsken.

Undersoarten Der binne trije ûndersoarten bekend:

Undersoarten Senegaleeske iisfûgel Ofbyld Wittenskiplike namme Beskriuwer Fersprieding 150px Halcyon senegalensis fuscopileus (1906) Fan Sierra Leöane oant Súd-Nigeria en nei it suden ta oant yn 'e Demokratyske Republyk Kongo en Noard-Angoala. 150px Halcyon senegalensis senegalensis (1766) Fan Senegal en Gambia oant Etioopje en it noarden fan Tanzania. 150px Halcyon senegalensis cyanoleuca (1818) Fan Súd-Angoala en West-Tanzania oant Súd-Afrika.

Gedrach Senegaleeske iisfûgels bried yn beamholtes, dy't troch spjochten makke wurde. In lechsel bestiet út twa oant trije rûne wite aaien, dy't yn 13 oant 14 dagen útbret wurde. Beide âlders fuorje de jongen. Nei it útfleanen bliuwe jonge fûgels noch sa'n fiif wiken by de âlders.

Fanôf in sitplak op in peal of in tûke jager er op grutte ynsekten, slakken, fisken, kikkers en weakdieren.

Status Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en is algemien. It geskikte biotoop fan 'e soarte is lykwols de lêste tiid ôfnommen en dêrfandinne wurdt der fanút gien dat de oantallen ôfnimme. Oannommen wurdt dat de efterútgong yn trije generaasjes tiid lykwols net heger is as 30% fan 'e wrâldpopulaasje en dêrom klassifisearret de IUCN de soarte op 'e Reade list as net bedrige.

Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase

Kategory:Echte beamiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda